Keatskes: 3-8-2014

De manljus PC is west, mei in prachtige twadde priis foar Jelte Pieter Dijkstra mei Hendrik Jan vd Velde en Sjoerd de Jong de Ald-Meiers waard wûn troch de ‘buorfamkes’ fan Wommels en no meitsje we ús op foar de Freule.

De jonges fan Easterein hienen snein al in moai sukses op de generale fan de Freule, mei in 3e priis!

Letter yn augustus fansels noch de frouljus PC. Kommend wykein wurdt dúdlik welke 12 partoeren earst nei Akkrum meie en wa yn Akkrum stiet, dy mei nei de frouljus PC.
Alle froulju in soad sukses tawinske.

 

 


Freed 1 augustus

 

Snits – Federaasje alle kategoryen jongerein

By de famkespupillen wint Amber Reijnhoudt mei Sanne Abma, Goënga, de krânsen yn Snits.

20140801 Snits Federaasje 1welpenfamkes

By de skoalbern sukses foar Corrie Kroondijk, mei Hessel Postma, Winsum de krânsen

20140801 Snits Federaasje 2 skoalbern1

In 2e priis foar Kees van der Horst, Easterein en Linde Gietema, Workum

20140801 Snits Federaasje 2 skoalbern2

In 3e priis foar Selma de Boer mei Sjoerd Wiebenga, Heeg

20140801 Snits Federaasje 2 skoalbern3

En in 1e priis yn de ferliezersronde foar Roelie Kroondijk mei Jasper de Boer, Spannum

20140801 Snits Federaasje 2 skoalbern4 

 


Sneon 2 augustus

 

Wytmarsum – Jonges ôfdieling

Easterein mei Kees vd Horst, Bote Jellema en Remon Tie Bouma wûnen de 1e omloop fan Dronryp 2, mar ferlearen doe fan Wommels dat de 4e priis wûn

 

Hitsum – Ald-Meiers

20140802 Hitsum Ald-Meiers1

Easterein kaam de 1e omloop net troch. Se ferlearen mei 3-5:6-6 fan Minnertsgea. Der wienen wol kânsen foar Easterein, mar yn it lêst wienen de opslachfouten wat tafolle en de opslach fan Minnertsgea wat te sterk.

20140802 Hitsum Ald-Meiers3

De earste trije earsten wurde op 6-6 ferkeatst en dan stiet it 1-2 foar Minnertsgea. Op 6-4 komme we op spulle gelyk as Minnertsgea oerrint by de opslach. Dan slacht Minnertsgea in gat nei 2-5. Mei in skjin earst pakke we wol noch de 3-5, mar alwer op 6-6 bliuwt de bal in it perk as Baukje in knapper hat op de hurde opslach fan Minnertsgea.

20140802 Hitsum Ald-Meiers4

De froulju hienen krekt wat tafolle fouten, mar joechen goed partij. Coach wie Hans Kooistra dy’t ek alwer mei it findel rûn. Miskien ek al foar de 15de kear?

20140802 Hitsum Ald-Meiers2

 

 


Snein 3 augustus

 

Huzum – Froulju haadklasse – net beheind

Op dizze haadklassewedstriid mar leafst 23 partoeren! In moaie list en ferrassend winner fan de dei waard Marije Hiemstra mei Maaike Osinga en Margriet Bakker. Imke vd Leest mei Ilse Tuinenga (ferfong Nicole Hempenius) en Harmke Siegersma wûnen de 3e priis.

Hja ferlearen de heale finale fan Marije cs mei 5-2:6-4. Marije cs winne de finale fan Sanne Velsma en de sukses Sybrandy mei 1-5:6-6.

 20140803 Huzum Frouljuhaadklasse

 

Frjentsjer – Jonges ôfdieling

De jonges fan Easterein ha in moaie generale foar de Freule. Kees vd Horst, Bote Jellema en Remon Tie Bouma winne mei coach Tjerk Okkema de 4e priis!
Se ferlearen foar de heale finale fan Seisbierrum mei 5-5:6-4. Seisbierrum kaam dêrnei mei in steand nûmer yn de finale tsjin Frjentsjer.

20140803 Frjentsjer JongesOfdieling 

Hallum – Skoalfamkes A+B

Yn de A-klasse de krânsen foar Jeska Terpstra mei Selma van der Molen Witmarsum.
Yn de ferliezersronde in 2e priis foar Mirjam Punter mei Nynke Beckers Wommels

20140803 Hallum SkoalfamkesA 

20140803 Hallum SkoalfamkesB

Gytsjerk – Pupillenfamkes A+B

In 2e priis foar Corrie Kroondijk mei Esmee de Groot, Kornjum. De finale waard op 5-5:6-6 pas beslist, eilaas troch in bûtenslach fan Corrie.

20140803 Gytsjerk PupillenfamkesA 

Tsjummearum – Welpen jonges

De 1e priis foar Redmer Wiersma mei Sjouke Beimers fan Bitgummole.
Yn de ferliezersronde wie der in 2e priis foar Redmer Stegenga mei Durk Bootsma fan Tirns

20140803 Tsjummearrum Welpenjonges