Bauke Dijkstra wrâldkampioen!

Hjoed yn Frjentsjer is Bauke Dijkstra wrâldkampioen Llarques wurden troch yn de finale te winnen fan Colombia mei 9-1:40-15. Nederlân hie de heale finale fan Ecuador wûn mei 5-0:40-15. Colombia wûn fan Spanje mei 6-3.

20120901 WKTeam_lyts

(KLIK OP DE FOTO FOAR IN GRUTTER EKSIMPLAAR)

 

Bauke hat yn Frjentsjer noch meispile yn de heale finale tsjin Ecuador en ek yn Easterein! Tsjin Mexico mocht yn ynfalle. Freed yn Easterein wûn Easterein ienfâldich fan Mexico mei 6-0, mar ek Frankryk waard oer de ‘knibbel lein’ mei 6-1!

20120901 WKTeam

 

In histoaryske dei yn Easterein! 

 

Yn in prachtige gearwurking fan stichting WK KAATSEN 2012, Keatsferiening Easterein, stichting De Skoalleseize, Behearkommisje Multyfunksjoneel terrein en it Sportkafé De Greidhoeke waard freed 31 augustus yn Easterein de foarwedstriden hâlden fan it spul Llarques as ûnderdiel fan it WK KAATSEN 2012!

 

 

It Multyfunksjoneel terrein waard mei it hâlden fan it WK KAATSEN 2012 foar it earst foar offisjele wedstriden brûkt. Easterein hie mei it oanlizzen fan in Llarquesfjild op it multyfunksjoneel terrein de primeur fan Fryslân.

De baan lei der freed fantastysk by. De Nederlânske ploech hie al trije kear traine kinnen en wie bekend mei de baan en omstannichheden.

20120831 WK_Easterein1

 

Met tank oan alle frijwilligers waard it in tige slagge barren! de besikers en keatsers koenen yn de kreamkes terjochte foar kofje, tee, hamburgers en sop en fansels efternei in slokje.

 

 

Nederlân, mei de lokale WK-held Bauke Dijkstra begûn tsjin Meksiko. Dizze ploech wie dúdlik net taret op de wedstriid, want sûnder wanten slaan je net sa fier. Nederlân wûn dan ek ienfâldich mei 6-0 en Bauke mocht it lêste earst meidwaan. Dêrnei moast Meksiko tsjin Frankryk en gau wienen der wanten sammele en dat die fuort fertuten. Meksiko pakte in earste ‘spel’ tsjin Frankryk, mar ferlear mei 6-1.

 

 

Doe de wichtige wedstriid fan Nederlân tsjin Frankryk. Om’t it tiidskema oanhâlden waard, wienen alle besikers moai op tiid en koenen sa’n 386 minsken de moaie wedstriid sjen. Frankryk waard ek oer de ‘knibbel lein’ mei 6-1.

20120831 WK_Easterein2

 

Sneon yn Frjentsjer waard Nederlân wrâldkampioen yn it Llarques troch mei yn de finale te winnen fan Kolombia mei 9-1:40-15. Nederlân hie de heale finale fan Ecuador wûn mei 5-0:40-15. Kolombia wûn fan Spanje mei 6-3 en Spanje wûn de 3e priis troch te winnen fan Ecuador.

 

 

Foar alle WK Nijs, sjoch by KNKB.nl: WK 2012 en en op de site WK KAATSEN 2012

Moaie foto’s op Photos Ballantes.be

 

Filmke fan de opslach fan de stjerspiler fan Kolombia: http://youtu.be/OOtd5wcYxVQ 

 

Italiaanse foto’s op http://www.gazzettadalba.it/2012/09/mondiali-degli-sport-sferistici/