Skip to content

Under prachtige omstannichheden waard sneon de 21e edysje fan de Jong-Feintepartij yn Easterein ferkeatst. 22 partoeren strieden om de prestizjeuze Sulveren Leest. Nei in dei fol moaie en spannende partijen wie it úteinlik Dronryp 1 dat mei de wikselpriis nei hûs gie.

Yn de heale finale troffen Boalsert 1 (Jurre Reitsma, Sylvan Elzinga en Tymen Bijlsma) en Eksmoarre (Stijn Feenstra, Marten Leijenaar en Jarno Feenstra) inoar. Boalsert begûn sterk en naam in 2-0 foarsprong, mar dêrnei naam Eksmoarre it inisjatyf oer. Mei fêst en oertsjûgjend keatsen bûgde it partoer de efterstân om en helle it mei in winst fan 5-3 6-6 de finale. Foar Boalsert 1 bleau de tredde priis as moaie beleanning oer.

Yn de finale stie Eksmoarre foar de drege opjefte om it op te nimmen tsjin favoryt Dronryp 1, mei Jorrit Nanninga, Rick Minnesma en Brent Timmerman. Dronryp liet fan it begjin ôf sjen wêrom’t it as ien fan de grutte favoriten ferskynde. It partoer naam fuort it inisjatyf en joech de wedstriid net mear út hannen. By de stân 5-0 6-6 foel de beslissende slach en wie de oerwinning in feit.

Foar Jorrit Nanninga en Rick Minnesma wie it in bysûndere mylpeal. Sy wûnen de Jong-Feintepartij foar de fjirde kear op rige – in unike prestaasje yn de skiednis fan dizze partij. Foar Brent Timmerman wie it de earste kear dat er de Jong-Feintepartij op syn namme skreau, in prachtige bekroaning op in sterke wedstriiddei.

Keatsferiening Easterein kin werom sjen op in slagge 21e edysje fan de Jong-Feintepartij, mei moaie partijen en in soad frijwilligers yn it spier. De feriening sprekt har grutte tank út oan alle frijwilligers, skiedsrjochters, stipers en eltsenien dy’t him of har ynset hat foar de organisaasje. Mei harren ynset koe ek dizze 21e edysje wer ta in grut sukses makke wurde.

Back To Top