Kompetysjekeatsen jongerein

Ferline wike hat de jeugd alwer foar de twadde kear traine kinnen!
Mar njonken de trainingen hat de KNKB bekind makke dat der ek wer kompetysjewedstriden spile wurde meie. Dêr binne wy tige bliid mei!

 
Om it kompetysjekeatsen yn goeie banen te lieden, hawwe we jimme help nedich. It giet om it begelieden fan de kabouters, welpen en pupillen.

Wy freegje help by:
– it koachen fan de bern, sadat de wedstriid goed ferrint,
– de puntentelling by te hâlden op de tillegraaf,
– mei de bern helpe it materiaal op te romjen.
 

Wy wolle jim freechje om oan te jaan wannear at jimme helpe kinne, troch it skema dy fia de mail stjoerd is, yn te foljen en werom te stjoeren nei: opjeftejongerein@kfeasterein.nl.
Graach foar moandei 25 maaie, dan meitsje we in roaster en kinne we 2 juny los!
(As wy it skema net fan jim krigen hawwe, gean wy der fanút dat wy jim fry ynroasterje kinne).

 
As it roaster klear is, krije jim dit yn’e bus. Elts jeugdlid krijt in saneamd kompetysjepaske. Opjaan foar de kompetysje kin troch dit paske eltse snein foar 20.00 oere yn te leverjen by Geertje Sijbesma, Hofsleane 12. Bern dy’t bûtenút wenje, meie Geertje app-e. Ek net-leden meie meidwaan!
 
Oandachtspunten:
– Oanfang: tiisdeis 19.00 oere, op it achterste fjild.
– Kom net fierste betiid. Alders dy’t net hoeche te helpen, nei it bringen graach net op it fjild bliuwe.
– Ast ûnferwachts net helpe kinst, dan graach sels ferfanging regelje en trochjaan oan Geertje (0515-332197 of 06-17030584).
– De âlders bliuwe ferantwurdlik foar de bern as de wedstriden dien binne.

Under it kopke fan Jongerein steane no ek de spulrigels fan de kabouters. Dit is miskien handich om efkes troch te lêzen. Fansels binne wy ek wol op it fjild om te helpen by ûndúdlikheden.
 
Wy hoopje der yn elts gefal noch in moai kompetysjeseizoen fan te meitsjen!
 
Mei freonlike groetnis,
 

Jeugdkommisje KF Easterein
Danny, Klaas, Marit, Geertje, Peter en Marijke