Yn prachtige waarsomstannichheden mei it sintsje op it fjild, moaie muzyk op de eftergûn en moaie keatserij binne we de twadde omloop ek troch en dwaaande mei de finales.
Yn it skoft hie de ploech fan Noflik it tige drok
en siet de foarsitter goed yn syn rol mei it útdielen fan de prizen.
MANLJU
De utslach fan de heale finales:
1. Gert-Anne van der Bos c.s. – 3. Jan Dirk de Groot c.s. 5-5:6-0
5. Pieter van Althuis c.s. – 8. Peter van Zuiden c.s. 2-5:6-6
Dat betsjut by de manlju in finale tusken Gert Anne vd Bos, Alle Jan Anema, Patrick Scheepstra tsjin Peter Van Zuiden, Marten Feenstra en Daniel Iseger.
FROULJU
De utslach fan de heale finales:
2. Evelien Westra c.s. – 3. Marije v.d. Meer c.s. 5-3:6-2
5. Marije Hiemstra c.s. – 8. Tineke Dijkstra c.s. 3-5:4-6
Yn de finale steane Tineke Dijkstra, Esther Wagenaar en Fenna Zeinstra tsjin Evelien Westra, Imek vd Leest en Manon Scheepstra.
Om de 3e priis keate Marije Hiemstra, Sjoukje Visser en Melissa Hiemstra tsjin Marije vd Meer, Nynke Sybrandy en Harmke Siegersma