FBC: skema 2e ronde FBC

Twadde ronde FB Cup – 15-05-2013

De lotting foar de twadde ronde fan de Friesland Bank Cup is west en op 15 maaie wurdt der wer splie:

 

De manlju fan Easterein 1 spylje yn St Jabik tsjin St Jabik. In hiele útdaging!

De froulju binne frijlotte en komme wer yn aksje op woansdei 5 juny 2013

 

Sjoch it SKEMA FBC – KNKB SITE

 

En de HIER VOOR FLYER

 

 

 

 


 

 

 

 

Utslaggen 1e ronde FB cup yn Easterein 24-04-2013

 

Foar it earst dit seizoen is der wer in baltsje slein yn Easterein: de 1e ronde fan de Friesland Bank cup is fannejûn spiele. Under goede mar noch wol wat kâlde waarsomstannigheden ha we in pear moaie wedstriden sjoen. Foaral de froulju fan Easterein 1 en Grins wiene oan mekoar weage.

20130424 FB cup

(Klik op de foto foar de foto’s fan Henk Bootsma)

 

Manlju

Easterein 1 mei Dirk-Yde Sjaarda, Pytrik Hiemstra en Bauke Dijkstra  moasten it opnimme tsjin Hearrenfean 2 mei André Buma, Thomas Visser en Jappie Dijkstra. Yme Hiemstra dy by Hearrenfean mei ynstee fan ?. Easterein wint mei 5-1:6-6.

 

De manlju fan Wommels winne fan Baard mei 5-2:6-0.

 

 

Froulju

Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Imke v/d Leest winne mei 5-2:6-4 fan Grins mei de froulju Sanne Velsma, Marije v/d Meer en Aukje van Kuiken.

 

 

Easterein 3, Hester Kingma, Marijke Johanna de Boer en Gerry Edou Mollema keatse tsjin Berltsum mei Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma. Hja ferlieze dat mei 1-5:0-6.

 

 

Froulju – Frjentsjer

Easterein 2 nimt it op tsjin Frjentsjer 2. Ida Hallema, Gabriële Bouma en Lysbet Bakker keatse tsjin Frjentsjer 2 mei Joukje Salverda, Marit Kuperus en Nicole Hempenius en ferlieze dat mei 1-5:6-6.