Keatskes 2013-05-05

It keatsseizoen is no wer goed los! Derom foar jimme de earste keatskes fan it seizoen 2013!

 

Trainingen kabouters en welpen!

De trainingen fan de kabouters en welpen is NET op tongersdei (Himelfeart) mar op WOANSDEI 8 MAAIE! De tiiden binneitselde:

Kabouters: 16:30-17:30

Welpen: 17:30-18:30

 

 

28 april: Weidum- Bangmapartij

Dirk Yde Sjaarda, Pytrik Hiemstra en Bauke Dijkstra hellen de 3e omloop. Hja wûnen de 1e omloop fan Hearrenfean mei 0-5:6-6. Dêrnei waard Wytamrsum ferslein mei 4-5:6-6. Doa moasten se tsjin it sterke Minnertsgea en dat koenen hja net risse. It waard 5-2:6-0. De kop fan it seizoen is der ôf!

 

 

30 april: Easterein – Keniginnnedei

Mar leafst 9 partoer minder as ferline jier, mar dat liedde net ta minder wille op it fjild. Der waard moai keatst en mei in prachtige neisit.

Ferslach en foto’s fan Keninginnedei

 

 

4 maaie: KNKB

Koarnwert – Froulju 1e klasse frije formaasje

Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra winne in 2e priis yn de herkansing. De finale wurd ferlen mei 5-1:6-6

20130504 Cornwerd Froulju1eklassevf 

 

5 maaie: KNKB

Frjentsjer: haadklasse froulju ôfdieling

Easterein 1 (Marije Hiemstra, Martine Tiemersma, Imke vd Leest) wint de 1e omloop fan Deinum mei 5-1:6-4. De twadde omloop winne se knap fan Ie mei 5-4:6-4. Yn de heale finale wint Easterein it fan Boazum mei 5-4:6-0. Op 4-4:6-6 slacht Marije boppe en op 5-4:6-0 kin Boazum in dikke keats net foarby. Yn de finale tsjin Frjentsjer giet it gelyk op. Op 3-2:6-6 slacht Marije boppe. Imke stie nei de 1e omloop oan de opslach en Marije en Martine yn it perk. Easterein komt earst op 4-3 efter en dan ek noch 5-3. Mei in wedstriid mear yn de fuotten wurdt it dreger. Easterein ferliest de finale mei 5-3:6-4. In moaie 2e priis nei ferline jier de 1e.

20130505 Frjentsjer Froulju-HK-Ofd 

Easterein 2 (Tineke Dijkstra, Sietske Okkema, Jelien Pompstra) wint de 1e omloop fan Bitgum mei 5-4:6-4. Dêrnei moatte tsjin it ‘haadklasse’-partoer fan Frjentsjer. Se nimme brutaelwei in 3-0 foarsprong, mar witte dy net fierder út te bouwen. OP 3-3:6-6 slagget it krekt net om de dikke keats te pakken. Se ferlieze mei 3-5:2-6.

 

 

Frjentsjer: haadklasse manlju frije formaasje

Ek yn Frjentsjer wienen de haadklasse manlju. De earste frije formaasjewedstriid fan 2013. Jelte Pieter Dijkstra stie dêr mei syn maten Sjoerd de Jong en Peter de Boer. Se hellen trije earsten, mar moasten belies jaan tsjin de PC-winners fan 2012 op 5-3:6-2.

Dirk Yde Sjaarda makke der in spannende striid fan mei maten Erik Haitsma en Jouke Bosje. Mar se ferlearen it fan de lettere finalist mei 4-5:6-69 nei in efterstân fan 1-4.

 

 

Minnertsgea: Jonges A+B

Remon Tie Bouma wûn de 2e priis yn de herkansing yn de B-klasse. Op de list stienen fierder Doede Rients Okkema en Bote Jellema. Hja foelen net yn de prizen.

 

 

Bitgum: pupillenfamkes

Op de list fan de pupillenfamkes stienen 18 partoer en fan Easterein dienen Corrie en Roelie Kroondijk en Selma de Boer mei. Roelie helle in 2e priis yn de herkansing.

20130507 Bitgum Pupillenfamkes

 

Skingen-Slappeterp: Welpenfamkes

Nynke Paauw stiet as ienich famke fan Easterein op de list en wint mei Marlies Bonnema, Winsum de 1e priis yn de herkansing.