Ferskaat nijs: 27-8-2014

FB Oranjewoud Cup – 30 augustus 2014 – Dronryp

 

Sneon 30 augustus is de finaledei fan de FB Oranjewoud Cup foar de manlju en froulju. Foar Easterein komme by de froulju yn aksje: Tineke Dijkstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma.

 

Oan de organisaasje ha wy in soad ynformaasje stjoert oer dizze froulju en oer keatsferiening Easterein. It wurdt in prachtich barren wêrby de keatsers en harren feriening sintraal komme te stean. Komt allegear nei Dronryp en moedigje de froulju oan!

De wedstriden begjinne om 11:00 oere

 

Se begjinne mei de heale finale tsjin Berltsum. De oare heale finale giet tusken Wommels (mei Anna-Brecht Bruinsma, Sjanet Wijnia en Anke Marije Pompstra) tsjin Easterlittens.

 

Folsleine PROGRAMMA

 

 

 


WK 2014 yn Massamagrel – Spanje – 2 o/m 6 septimber

 

Ald-Eastereinder Jelte Pieter Dijkstra sil dielnimme oan dit WK 2014. We sille him en de oaren folgje fansels.

2014 WK2014

Sjoch it artikel op de KNKB site: WK 2014: Massamagrell speelplaats

 

En it artikel WK 2014: Twaalf landen aanwezig

 

Sjoch ek de site fan CIJB (Confederation Internationale Jeu e Balle)

 


Keatse op Skylge…

 

 

Fan Henk Bootsma krige we dizze foto fan it keatsen op Skylge.

20140810 Skylge VHC Waddenfoodpartij

Sjoch mar ris op de site fan de keatsferieniging op Skylge as jimme ek noch bekenden sjogge…

 


Slotfeest KNKB

 

 

Alfêst efkes wat ynformaasje oer dit slotfeest dat hâlden wurde sil by Noflik Easterein op freed 26 septimber.

 

Sjoch de FLYERLetter mear ynformaasje