Keatskes: 31-8-2014

Freed allegear prizen op de Federaasje Snits ôfdielingskampioenskippen foar de jongerein. Easterein wurdt tredde op de FB cup yn Donryp en de seleksje foar it wrâldkampioenskip keatsen 2014 binne yntusken yn Spanje oankommen. Sneins de lêste ledepartij fan it seizoen op it fjild yn Easterein en oare keatsútslaggen.

 

 


Freed 29 augustus

 

Goaiïngea – Ofdielingskampioenskippen Fed Snits

Yn Goaiïngea wienen de ôfdielingskampioenskippen foar de jongerein. Oan dizze kampioenskippen fan de federaasje Snits e.o. dienen freed 46 partoeren mei, ferdield oer 7 klassen. De Eastereinder jeugd wie goed fertsjinwurdige. Tsien partoeren. Welpenfamkes, welpenjonges (2), pupillenjonges (2), pupillenfamkes (2), skoalfamkes (2) en skoaljonges en ien famkespartoer. Spitich genôch gong dizze kategory net troch troch te min dielname. De prizen:

 

By de welpenjonges waard de 1e priis wûn troch Easterein 1 mei Jelmer Brouwer, Arjen Stremler en Redmer Stegenga. Easterein 2 mei Tjalle Durk van der Eems en Niels Janssen foel net yn de prizen.

20140829 Goenga OfdWelpenjonges 

By de pupillenjonges wie der in 1e priis yn de ferliezersronde foar Easterein 1 Redmer Wiersma, Siebo Boersma en Rutger Sijbesma. Easterein 2 mei Bauke Reijnhoudt, Halbe Willem Overal en Marc Frans Janssen hienen in steand nûmer en ferlearen dêrnei fan Reahûs-Turns 1.

20140829 Goenga OfdPupillenjonges 

By de skoalfamkes wienen beide prizen foar Easterein. Easterein 1 wint mei Roelie Kroondijk, Corrie Kroondijk en Selma de Boer de krânsen en Easterein 2 mei Mirjam Punter en Julia Paauw winne de 2e priis

20140829 Goenga OfdSkoalfamkes1

20140829 Goenga OfdSkoalfamkes2 

By de skoaljonges wie de winst ek foar Easterein! Kees van der Horst, Rutger Wiersma en Hendrik van der Eems winne hjir de krânsen.

20140829 Goenga OfdSkoalJonges 

In tige suksesfolle ôfdielingswedstriid foar Easterein. Fan herte lokwinske allegear!

 

 


Sneon 30 augustus

 

Dronryp – FB cup

Yn de FB cup wie der in 3e priis foar Easterein mei Tineke Dijkstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma. De heale finale tsjin de lettere winner Berltsum gie ferlern mei 5-2:6-2. En om’t de priisútrkking oan it ein fan de dei wie moasten de froulju wachtsje tegearre mei de frouju fan Wommels dy’t ferlearen fan Easterlittens mei 5-5:6-6. Mar it wie tige gesellich yn Dronryp mei efkes in hapke en drankje.

20140830 HB FK Dronryp Easterein

20140830 HB FK Dronryp Wommels 

20140830 HB FK Dronryp Groep

Klik op de foto om ALLE foto’s te sjen fan de FB cup fan Henk Bootsma.

 

Ek waarden de klassemintsprizen foar de jongerein útrikt. Sa wûn Jeska Terpstra it klassemint by de skoalfamkes mei 31 punten. By de pupillenfamkes wie it 2e plak yn it klassemint foar Corrie Kroondijk mei 31 punten. Sus Roelie wie fjirde mei 26 punten.

20140830 FBcup Skoalfamkes klassemintJeska 

20140830 FBcup Pupillenfamkes klassemintCorrie

En it ôfdielingsklassemint by de pupillenfamkes wie foar Easterein. Roelie en Corrie Kroondijk en Nynke Paauw stienen mei coach Ype Tiemersma wienen tige grutsk.

20140830 FBcup PupillenfamkesOfd

 

 


Snein 31 augustus

 

Easterein – De Jong-Partij

De winners fan de de Jong-partij. It ferslach kinne jimme lêze by Wedstriidferslaggen, Leden.

20140831 DeJongpartij

 

Wommels – Manlju 1e klasse

Yn Wommels komt Bauke Dijkstra yn de finale mei Menno van Zwieten en Sjoerd de Jong. Nei 1-3 efter komme se werom op 3-3 en op 6-6 gelyk pakt Menno in 7 earst. Dan krije se wat kado fan Rudolf Soepboer dy’t mei Gosse Beeksma en Hendirk Bouwhuis keatste. Op 5-3:6-6 winne Bauke endy it as Menno foar de keats keart.

20140831 Wommels Manlju1eklas 

Frjentsjer – Manlju 50+ AB

Yn de A-klasse in 3e priis foar Douwe Durk Reitsma Easterein mei Fetze Jan Kooistra, Rie en Freerk Ebbinga, Easterlittens.

Yn de B-klasse in 3e priis foar Sipke Hiemstra mei Jurjen Dijkstra, Nijland en Piet Bierma, Dronten

 

Slotwedstriden jongerein

Winsum – skoalfamkes

Mirjam Punter wint mei Kim Dijkstra de 1 epriis en de 3e priis is foar Jeska Terpstra mei Tessa Reitsma.

20140831 Skoalfamkes Slotwedstriid1