Jong Feinte partij begjint mei berte Jong Faam
Woansdei 26 july 2006 wie de 2e edysje fan de Jong-Feintepartij. De tarieding foar dizze wedstriid wie al in oantal wiken oan de gong en tiisdei waard mei sa’n 30 frijwilligers begûn oan de ynrjochting fan it fjild en de keatsarena. Om healwei tolven fytsten de lêste twa nei hûs ta en wurde flak by it sportfjild hast skept troch in auto! In ferskuorrend grutske en blide heit Jan Rinse stapt út en seit: “We ha in Jong-Faam!”. Us nije bestjoerslid fjilden- en materialen koe dêrom net fan de ‘partij’ wêze en sa wie it foar Jan Rinse, syn frou en ek foar ús in bysûnder begjin fan de Jong-Feintepartij 2006.
Frijwilligers
We begjinne mei de frijwilligers dy’t hjoed in hyl knappe prestaasje delsetten ha. De twa fjilden mei 3 perken hienen in folsleine besetting op linen, tillegrafen, mei blokjerinners en de beide skiedsrjochters, Jan Metselaar en Astrid Kooistra. De fersoarging wie foartreflik. Dat moast ek, want mei it hite waar wie it iten en foaral it drinken wichtich. Der wie ien blokjerinner efkes fan it sintrum, mar nei in oerke foar de fentilator wie it wer klear. In frijwilliger hat yn de omkriten de supermerken ôfstrúnt om fleskes wetter en krige eltse frijwilliger in eigen fleske wat eltse kear byfolt waard.
De catering hat it smoardrok hân mei it rûnbringen fan iten, drinken en ysko’s. Guon plakken op it fjild wienen hyt en dêr hienen we ús nije paraplu’s útdield oan de karmasters. Dêr moasten hja net te djip ûnder want dan sjogge jo it spul en de bal net mear. Der wie sels in frijwilliger dy’t op 4 wizen oanwêzich wie yn Easterein. Jelle Fopma wie begelieder fan Itens, frijwilliger op line en tillegraaf, lid en útnoege as earelid. In grut komplimint oan it bestjoer en de frijwilligers fan de stifting “De Skoalleseize”. Yn it foarste plak foar it prachtige fjild dat der moai grien en sêft by lei. Dêr hawwe se ek dei en nacht foar yn it spier west om it foar de Jong-Feinte sa perfekt ‘del te lizzen’. Ek wie de stifting goed taret op ús gasten en keatsers mei de kantinefoarsjenning. Kâld drinken, lekkere sop en te iten mei dernei kâlde bierkes ta.
De gasten
Tige wiis wienen wy mei it oantal minsken dy’t hjoed op de fjilden en ús partij wienen. Untank it hite waar mochten wy sa’n 400 minsken wolkom hjitte op de Jong-Feintepartij yn Easterein. Lokkich wie der genôch skaad op it fjild om yn in noflike sit te genietsjen fan it keatsen. Mei in fleuchje wyn wie it wol út te hâlden. We ha in oantal rûntsjes oer it fjild makke en koenen tefreden feststelle dat eltsenien it nei it sin hie. Moai dat jimme der allegear wienen en graach oant takom jier!
De keatsers
Dêr giet it hjoed om fansels en net allinnich hjoed! De kar om in spesjale ôfdielingswedstriid foar junioaren rjochting it ein fan it seizoen te hâlden moat de junioaren en jonges útnoegje om keatsen te bliuwen. Wy hoopje mei de KNKB dat dit slagget. Yn elts gefal koenen in soad minsken sjen dat dizze partij útnoeget om mei te dwaan. Is it al troch de moaie sfearfolle keatsarena, ek de prizen binne fansels oantreklik.
Sulveren keatsballen en knappe jildprizen en fansels de striid om de prachtige wikselpriis de “Sulveren Leest”. It waarme waar makke it foar de keatsers swier. De feriening hie der sa folle mooglik oan dien om it wat draachlik te meitsjen, ûnder oare troch allegear amers wetter efter by de boppe en perken te setten. De masseur Piet van Assem hie genôch te dwaan mei ‘besite’ fan 20 keatsers en yn de finale op it fjild moast hy Gert Jan Meekma behannelje.
Mei 24 partoeren op de list hienen we 2 minder as ferline jier. Fan de list fan ferline jier wienen der 10 partoeren net en op de list fan 2006 acht debutanten. Dat we sjogge takom jier mei fertrouwen temjitte oangeande de dielname. It wie wer in aparte lotting west. Wêr’t foarich de Makkumer partoeren tsjin de Eastereinder moasten yn de 1e omloop, dêr wienen it dit kear de Wommelser partoeren tsjin Easterein.
1e omloop
Jirnsum moast mei 2 man keatste tsjin Anjum, 0-5:4-6. Itens wie as earste op it fjild fannemoarn mar der ek al wer gau ôf, 1-5:0-6 tsjin it sterke Stiens. Favoryt Wytmarsum begûn ûnseker tsjin it frij út keatsende Makkum ûnder oanfiering fan de jonge Lennart Adema. Mei Jan Hiemstra en Hyltsje Bosma pakten hja in 1-3 foarsprong en waard Wytmarsum wat krigel. Hja ferbetteren harren sels wer, mar oertsjûgjend wie de winst fan 5-4:6-6 noch net. Dronryp-Makkum 2 waard 3-5:4-6. Wommels 2 en Easterein 2 makken der in moaie partij fan. Op 2-2 wol it net mei Edwin de Jong as opslagger en rint Easterein út nei 5-2. Nei wat wiksels slaan Eeltje foar minst en Douwe foar best op. Hja komme by en witte 5-5 te meitsjen. Mar dernei wurdt de wedstriid ‘wei joen’ mei 4 bûtenslaggen, 5-5:2-6. Winsum (Klaas Goodijk en Geert Dijkstra) wint moai fan Ie, 5-4:6-4.
Wommels 1 tsjin Easterein 1 wie in wedstriid tusken 2 kandidaten foar in priis. Wêr it oan lei witte we net, mar Easterein 1 (Bauke Dijkstra, Pytrik Hiemstra, Marten Faber) kaam nea yn harren spul. Op 5-0:0-6 witte hja in earst te ‘krijen’, mar it sawat sûnder fouten keatsend Wommels (Kees Adema, Erik Haitsma, Redmer Strikwerda) wint, 5-1:6-6. Reahûs/Turns ‘rekkent’ ôf mei it oars goede partoer fan Tsjummearum. De bruorren Vogels en Steven de Bruin moatte mei 5-1:6-6 belies jaan. In spannende partij tusken St. Japik en Goutum (bruorren Tolsma en Terry v/d Eng), 5-5:2-6. Hartwert (Tjerck Floris Karsten, Sjoerd Teake Kooistra, Meindert Bonnema) yn de moaie nije shirts winne fan Rie, 5-0:6-4. In drege partij tusken Berltsum en Frjentsjer (ferline jier mei Michel, Tjitte en Cees noch 3e), 5-5:6-2. Boalsert (mei Cees Malda) wint, 5-4:6-6, fan Wytmarsum 2.
1 Jirnsum – 2 Anjum 0–5:4–6
3 Itens – 4 Stiens 1–5:0–6
5 Wytmarsum 1 – 6 Makkum 1 5–4:6–6
7 Dronryp – 8 Makkum 2 3–5:4–6
9 Wommels 2 – 10 Easterein 2 5–5:2–6
11 Winsum – 12 Ie 5–4:6–4
13 Wommels 1 – 14 Easterein 1 5–1:6–6
15 Reahus/Turns – 16 Tsjummearum 5–1:6–6
17 St. Japik – 18 Goutum 5–5:2–6
19 Hartwert – 20 Rie 5–2:6–4
21 Berltsum – 22 Frjentsjer 5–5:6–2
23 Boalsert – 24 Wytmarsum 2 5–4:6–6
2e omloop
Anjum koe wer werom reizgje nei it noarden as hja fan Stiens ferlieze, 2-5:0-6. Wytmarsum kaam no tsjinoer it 2e partoer fan Makkum. Die koenen gjin fûst meitsje, 5-1:6-2. Wytmarsum keatste wer goed ûnder lieding fan Herman Sprik. Easterein 2 moast tsjin Winsum. Yn it perk de 2 keatsers, Tjipke Klaas Okkema, Durk de Jong, dy’t om ferskate redenen minder faak op KNKB-wedstriden binne, stienen hjoed prima te keatsen. Se sloegen knap fan harren ôf mei in soad boppeslaggen en tûke keatserij.
Mei opslagger Jelte Pieter Dijkstra wienen hja mear as in partoer. Dizze jonge sloech de hiele dei geweldich op. Hja winne mei 5-3:6-6. Wommels 1 set goed troch en wit Reahûs te ferslaan, 5-2:6-0. Dan 2 drege partijen. Hartwert komt mei 2-3 foar tsjin Goutum en krekt as it derop liket dat de mannen troch pakke sille sit it tsjin. Op 5-4:6-6 slacht Meindert in ein út. De bal wurdt fan de boppe werom slein troch Jan Sjoerd, lyk yn de ‘bek’ fan Meindert dy’t der krekt ûnder troch rint en de bal sit wer. Berltsum wint mei 5- 4:6-6 fan Boalsert.
2 Anjum – 4 Stiens 2–5:0–6
5 Wytmarsum 1 – 8 Makkum 2 5–1:6–2
10 Easterein 2 – 11 Winsum 5–3:6–6
13 Wommels 1 – 15 Reahus/Turns 5–2:6–0
18 Goutum – 19 Hartwert 5–4:6–2
21 Berltsum – 23 Boalsert 5–4:6–6
3e omloop
De favoriten foar de prizen binne Wytmarsum, Wommels 1 en Goutum. Dat slagget Goutum ferrassend ienfâldich tsjin Berltsum (Frederik v/d Mey, Jan Eeltje v/d Mey, Jacob Dirk Tuininga), 5-1:6-2, en berikke dermei de finale. Wytmarsum wint mei 5-2:6-2 fan it dôchs sterke partoer fan Stiens. Easterein 2 tsjin Wommels is in moaie partij, wêr in soad minsken hoopje op in stunt fan Jelte Pieter, Tjipke en Durk. Dat liket dy kant út te gean mei 3-3. Mar it degelike Wommels pakte dernei 2 earsten en op 3-5:4-6 ferlear Easterein 2. Hja gienen dôchs mei in glimke op it gesicht en mei in fertsjinne grut applaus fan it fjild.
4 Stiens – 5 Wytmarsum 1 2–5:2–6
10 Easterein 2 – 13 Wommels 3–5:4–6
18 Goutum – 21 Berltsum 5–1:6–2
Heale finale
Deselde partoeren as yn de finale fan 2005. Wytmarsum-Wommels 1 en eltsenien gie der ris goed foar sitten. Under lieding fan skiedsrjochter Astrid Kooistra, dy’t de hiele dei skerp der by wie en somtiden fleurich oer it fjild ‘dûnse’, waard it net de partij wêr we op hope hienen. Wytmarsum liet der gjin twivel oer bestean wa de finale keatse moast. Samar in 3-0 foarsprong en sa Jelle Bangma al yn syn ferslach (sjoch webside KNKB) skreaun, de krêft om werom te knokken mei dit waarme waar wie der net altyd. As Wommels op 4-0 dôchs in earst pakt omdat Wytmarsum wat stekjes falle lit, hearre we de stim fan begelieder Hilbrand Smit it fjild oer galmjen. Kom op, trochpakke, skerp bliuwe! Hja binne wer by de les en winne mei 5-1:6-6 nei in bûtenslach fan Kees.
5 Wytmarsum 1 – 13 Wommels 1 5–1:6–6
Finale
De partoeren fan Goutum en Wytmarsum steane mei tusken harren yn skiedsrjochter Jan Metselaar, en foar harren blokjerinner Hendrik Bouwhuis klear foar it folksliet. Dit wurd foartreflik live songen troch trûbadoer Rintje Kas. Dêrnei kin it los. Soe Goutum foar in ferrassing soargje kinne en Wytmarsum fan winst ôf hâlde kinne? It waard net in finale sa’t we graach sjogge. De útslach is ‘wreed’ foar Goutum mar heart wol by de krêft fan Wytmarsum. Op 1-5:4-6 makket Gert Jan de wedstriid út mei in boppeslach mei dernei in oerwinningskreet.
Dôchs wienen der in moaie mominten yn de finale. Sa as skiedsrjochter Metselaar rêstich op de boppe noch efkes yn petear is mei de jonges foar de wedstriid. En de opslach fan Hendrik Tolsma, in prachtige opslagger, op in lytse keats. Syn opslachbal giet heech op, hyl heech op. Sa heech dat Gert Jan neat seach yn de sinne. Lit mar sei Herman en wylst Gert Jan nei de kwealine rint falt de bal in heale meter efter him del.
En de moaie backhand útslach fan Jan Sjoerd dy’t de hiele dei goed stie te keatsen, seker fanôf de boppe. Terry v/d Eng, no sûnt in oantal wedstriden mei, liet him ek sjen. It grapke fan him en Jan Sjoerd, neist inoar yn it perk om nei de oanrin fan Herman wer efter inoar te stean pakte ferrassend út. De bal wurdt ûnder grut applaus einen boppe slein troch Jan Sjoerd. Wytmarsum mei Jacob Zaagemans, Herman Sprik en Gert Jan Meekma winne foar de 2e kear de Jong-Feintepartij.
18 Goutum – 5 Wytmarsum 1 1–5:4–6
Priisútrikking
Foarsitter Dijkstra begjint efkes foar seis oere mei de priisútrikking. Yn de moaie wurden giet de oandacht foaral út nei de frijwilligers, de stiper en stifting “De Skoalleseize”. Mar ek de besikers en fansels de keatsers wurde tank sein foar harren hertlike wurden nei ôfrin oer de wedstriid en oer de organisaasje. Keatsferiening Easterein stribbet der nei om it de keatsers en besikers, mar ek frijwilligers nei de sin te meitsje en in moaie keatsdei te besoargjen. We binne der grutsk op dat dit hjoed ek wer slagge is. Wêr it ferline jier reinde wie it no fierstente hyt.
Masseur Piet fan Assem wurdt earst nei foaren roppen en bedankt foar syn ynset. Dernei is “skiedsrjochterspear” Metselaar en Kooistra oan bar. Moaie wurden fan Dijkstra foar de lieding fan hjoed. Spesjaal rjochtet hy it wurd oan Jan Metselaar. Yn wat syn lêste jier as skiedsrjochter is mei hy takom wike de PC liede. Dat hy yn itselde jier de Jong-Feintepartij dwaan mei is foar de organisaasje ek in boppeslach.
Mei help fan Jan Hiemstra, stiper en betinker fan de “Sulveren Leest” waarden de prizen útrikke. Earst komt Wommels foar de bestjoerswein. Ferline jier finalist en no de 3e priis. Mei 2 prizen op de 2 edysjes fan de Jong-Feintepartij wienen se dan ek tige wiis. Se wurde hertlik felisitearre troch Tjeerd Dijkstra dy’t yn syn wurden oanhellet dat we wiis binne mei dizze jonges as fuotballers fan SDS, mar ek as keatsers steane se ús nei.
Dan de mannen fan Goutum foar de tinte. Dat it ferrassend wie dat Goutum foar de wein stie, is net alhiel wier. Hja hienen sels de ferwachtings fan hjoed wiermakke. In moaie en fertsjinne 2e priis foar Goutum.
Wytmarsum komt op de bank om earst troch de tútekommisje de prachtige krânsen om hingjen te litten. Dêrnei fertelt Jan Hiemstra yn it koart oer de Sulveren Leest en dizze moaie keatsdei. As de sulveren keatsballen omhingje en de slúven oerhannige binne nimt Herman Sprik de “Sulveren Leest” yn ûntfangst.
De wikselpriis is foarsjoen fan in moaie glêzen stolp en dat makket de útstrieling fan de priis noch grutter. Under grut applaus fan it publyk dat noch folop oanwêzich is wurde de keatshelden fan dizze Jong-Feintepartij huldige.
Dernei is it ûnder wat oangenamer temperatuer neigenietsjen fan de moaie keatsdei. Gesellich neipetearre mei in pilske as wat fris en ûnder begelieding fan de moaie muzyk fan troubadour Rintje Kas. In prachtige keatsdei wurdt yn styl ôfslúten.
Utslach
1. priis; Wytmarsum (Jacob Zaagemans, Herman Sprik, Gert Jan Meekma)
Winners fan de wikselpriis “De Sulveren Leest”
2. Goutum (Hendrik Tolsma, Terry van der Eng, Jan Sjoerd Tolsma)
3. Wommels (Kees Adema, Erik Haitsma, Redmer Strikwerda)