Skip to content

Under simmerske omstannigheden waard hjoed foar it earst de Battle tusken KF Easterein en KF Wommels hâlden. Wommels kaam striidlustich oan yn Easterein; mei syn allen op de fiets yn de ôfdielingsklean en mei in auto mei lûdsprekkers foarop. It gie oan, elts stie fuort op skerp!

 

 

De dielnimmers, klear foar de striid!

 

 

Nei it iepeningswurd fan foarsitter Dirk-Yde waard de earste bal goed 12 oere slein.
Mei 6 froulju út sawol Easterein as Wommels koene se moai yn 1 poule keatse.
By de manlju 12 partoer; 5 (2-tallen) út Easterein en 7 (3 2-tallen en 4 3-tallen) út Wommels. Dizze partoeren waarden ferdield oer 2 poules en waard der keatst neffens it Snitser systeem. Fansels wiene de krânsen belangryk hjoed mar noch folle wichtiger wie de felbegearde bokaal! Welk doarp soe dizze mei nei hús nimme kinne? De partoeren koene punten fertsjinje at it in wedstriid wie tusken in Eastereiner en in Wommelser partoer (foar- en tsjinearsten waarden telt).

 

De Eastereiner froulju wiene in maatsje te grut foar de Wommelser froulju, se wûnen beide harren partij tsjin Wommels. Dus in protte punten fertsjinne foar de Battle troch Easterein. Mar de striid om de krânsen moast noch wol beslikke wurde. Dit waard in proai foar Sieta Tessemaker, Gerbrig Reitsma en Jitske Plantinga. Sy wûnen de lêste wedstriid yn de poule fan Jitske Veldman, Wiepkje Hiemstra en Karin Sjaarda mei 5-3/6-4.

 

Yn poule A by de manlju wiene Dirk-Yde Sjaarda en Wietse Vink de winners; sy wûnen alle 3 wedstriden.  Yn poule B wiene der 2 partoer dy’t alle 3 wedstriden wûnt hiene: Peter Stuiver, Bauke Jan Plantinga en Wiebe Heeres, Luitzen Schaafsma. Omdat Wiebe en Luitzen de minste tsjinearsten hiene mochten sy yn de finale oantrede tsjin Dirk-Yde en Wietse. Mei 5-2/6-4 winst giene de krânsen nei Dirk-Yde en Wietse. 3e prizen wiene der foar de nûmers 2 fan beide poules: Danny Roos, Marco Rijpkema en Peter Stuiver, Bauke Jan Plantinga.

 

En dan noch de hamfraach wa de wikselbeker meinimme mocht! It die bliken dat de Eastereiner keats(t)ers dit dik wûnen, mei mar leafst 117 foarearsten tsjinoer 72 foarearsten foar KF Wommels liet dit niks oan de ferbielding oer;-)! De grutte beker bliuwt yn Easterein en sil in moai plak krije yn ús prizenkast. Takom jier kin Wommels revanche helje, dan gean we nei harren ta.

 

Alle priiswinners fan herte lokwinske! It wie in tige slagge dei!

 

 

De priiswinners fan hjoed

 

 

Froulju

 

1e priis
Sieta Tessemaker
Gerbrig Reitsma
Jitske Plantinga

 

2e priis
Jitske Veldman
Wiepkje Hiemstra
Karin Sjaarda

 

Manlju

 

1e priis
Dirk-Yde Sjaarda
Wietse Vink

 

2e priis
Wiebe Heeres
Luitzen Schaafsma

 

3e priis
Danny Roos
Marco Rijpkema

 

3e priis
Peter Stuiver
Bauke Jan Plantinga

Back To Top