Ferslach Jong-Feinte partij 08-07-2023

Dronryp 1 mei de keatsers Jorrit Nanninga, Jorn Lars van Beem en Rick Minnesma winne de 18e edysje fan de Jong-Feinte Partij yn Easterein! Dat de waarmte de keatsers yn it liif sit wie dúdlik en seker net frjemd. Dronryp 1 hie foarich jier al in spannende finale keatst mei alles oan ‘e hang. Sy wienen perfoarst út op revanche. Mei dúdlike sifers winne sy op 0-5 2-6.

 

Op dizze 18e edysje waard der keatst mei in totale prizepot fan wol €4000,-. Hiel wat om foar te striden, at de ear al net genôch wêze soe. Op de list stiene 24 partoeren fan 23 ferskillende ferienings, in moai gemiddelde fan ús dielname troch de jierren hinne. It wie waarm keatswaar. Boppe de 30 graden soarget foar ekstra maatregelen. Ekstra kateringrondes, tintes foar ekstra skaad, langere pauzes foar de keatsers en wettertappunten foar it fullen fan de wetterfles as gewoan om ûnder te stean om ôf te kuoljen. In dikke pluim wer foar alle karmasters, blokjerinners en oare frijwilligers dy’t hjoed de hiele dei yn it spier wienen.

 

Dronryp 1 keatst de earste omloop tsjin Sint Jabik en winne dit mei 0-5 2-6. Yn de twadde omloop treffe se Wommels, mar ek dit eindigt yn 5-0 6-6. Dêrnei wurdt it wat dreger, Boalsert wurdt ferslein mei 4-5 4-6. Menaam is de tsjinstanner yn de heale finale. Sy wienen in stille kracht dizze dei, mar no binne se útkeatst. Op 5-1 6-2 slacht Dronryp 1 in sitbal. De 3e priis is foar Menaam mei de keatsers Youri de Groot, Mark Polstra en Douwe Palsma.

 

Dronryp 1 dendert de trein fjirder, it sit der spitigernôch net yn foar Wytmarsum. Op 0-5 2-6 makket Dronryp 1 de partij yn stijl út mei in boppeslach. Mei 4 tsjinearsten wienen se hjoed oppermachtich. Dochs in moaie 2e priis foar Jari Visser, Redmer Zaagemans en Colin Baarda fan Wytmarsum.

 

 

Foto’s folgje letter