Foarbeskôging Jong-Feinte partij

18E JONG-FEINTE PARTIJ

Sneon 8 july 2023 giet de 18e Jong-Feinte partij los!

Oanfang: 10:00 oere

Lokaasje: Sportpark De Skoalleseize yn Easterein

 

 

Lotting

Tiisdei 4 july 2023 wie de lotting. Dit jier foar it earst yn hannen fan de KNKB.

DE JONG-FEINTE LIST

 

Op dizze 18e edysje dogge mar leafst 24 partoeren fan 23 ferienings mei, in moai gemiddelde fan al ús oantallen troch de jierren hinne. We binne as feriening tige wiis mei de opkomst fan safolle junioaren en jonges! Want úteinlik giet it om de keatsers en it keatsen fan de Freule nei de PC! We sille sjen hokker fan disse toppers yn augustus yn die arena’s stean.

 

Op de 18e edysje hawwe we foar it earst gjin dubutanten

Alle 18 edysjes meidien: Dronryp en Wommels

73 ferskillende ferienings ha meidien

 

Sjoch foar alle ynformaasje op www.kfeasterein.nl by Jong-Feinte

 

Lieding

De lieding fan de Jong-Feinte partij op it fjild is yn hannen fan Hendrik Sweering en Jenko Sieperda.

 

Ferslachjouwing

Utslaggen fan de Jong-Feinte partij binne te folgjen op Twitter (@KFEasterein).

Foto’s, filmkes en ferslach komme op ús Facebook (Keatsferiening Easterein), Instagram (kfeasterein) en webside (www.kfeasterein.nl).

Dit jier sille we foar it earst ek live streamen fia Instagram (kfeasterein) en Facebook (Keatsferiening Easterein)!

KNKB media is presint. Sy folgje de dei troch de Jong-Feinte partij middels alle sosjaal media kanalen. Radio Eenhoorn is oanwêzich foar ferslachjouwing op de radio.

Henk Bootsma is ús fotograaf fan dizze dei en fansels alle oare parse en fotografen binne fan herte wolkom!

 

Jim sjoche, jim hoeche neat te missen, mar foar de moaiste bielden en belibbing moat jim op it fjild wêze. Dêr hoopje wy jim te sjen, wêz wolkom!

 

 

We winskje alle dielnimmers in soad súkses en elk in moaie Jong-Feinte dei ta op sneon 8 july!