Skip to content

Ferslach keats off Frouljus PC 15-08-2024

Welk partoer pleatst sich as lêste foar de Frouljus PC? Hjoed de keats off yn Easterein; 4 partoeren mochten striede om it lêste plakje foar dielname oan de Frouljus PC. Twa wizigingen yn de list yn ferbân mei blessures: Sietske Okkema ferfong Aletta van Popta en Elly Hofman wie de ferfangster foar Marije van der Molen.

Om goed 16.30 oere waard de lotting folbrocht ûnder lieding fan skiedsrjochter Sipke Hiemstra en waard de list as folgend:

  1. Yannah Palma           Tzum                     2. Rianne Stremler          Exmorra
    Anke Wassenaar       Minnertsga                Marit Feenstra             Exmorra
    Hedwig Wiersma       Akkrum                      Gyanne Hiemstra        Workum

3. Moniek Lootsma       Goënga                 4. Sietske Okkema          Easterein
Marrit Wielenga        Tzum                        Ilse Marije van Beem    Dronryp
Elly Hofman              Ljouwert                   Simona Kootstra           Britsum

Yannah Palma c.s. wûnen mei romme sifers fan Rianne Stremler c.s., it waard 5-0/6-2. De wedstriid tusken de nûmers 3 en 4 gie lyk op oant 2-2, mar dêrnei pakten Sietske Okkema c.s. troch en wûnen mei 5-2/6-2 fan Moniek Lootsma c.s..

De finale gie dêrmei tusken Yannah Palma c.s. en Sietske Okkema c.s.. Dit waard in iensydige partij en waard wûn troch Sietske Okkema c.s. mei 5-1/6-6. Hjirmei behelje sy it lêste ticket foar de PC. Fan herte lokwinske!

Back To Top