Ferslach Keningsdei partij 27-04-2023

It keatsseizoen gie hjoed wer fan start! En wat siet it waar ús mei; nei alle rein en wyn fan de ôfrûne tiid hjoed in hearlik sintsje en gjin wyn/rein, prachtich keatswaar. Elts koe syn/har hert wer ophelje mei it lytse baltsje. De stramme spieren krigen der wol fan lâns mar dat mocht de pret net drukke. Der waard flink strieden om de hage!

De priiswinners fan hjoed:

Manlju A
1 e priis: Rémon Tie Bouma, Jan Vellinga, Sipke Hiemstra
2 e priis: Bote Jellema, Christian Hoekstra, Jelmer Hazenberg
3 e priis: Ids de Boer, Tjeerd Dijkstra, Stefan van Krimpen

Manlju B
1 e priis: Ype Tiemersma, Hendrik Okkema, Wietse Ligthart
2 e priis: Abe Jan Stegenga, Meile Kuiper, Jan Bouke Bouma

Froulju
1 e priis: Gabriele Bouma, Julia Paauw, Petra Jellema
2 e priis: Wiepkje Sijbesma-Hiemstra, Brecht Stegenga, Geja Hofstee