Fjildtrainingen foar de jeugd

De fjildtrainingen sille dit jier yn de earste wike fan maaie starte. Alle kategoryen traine dit jier yn Easterein, dat betsjut dat de jeugd út Wommels dit jier nei Easterein komt. Hjirûnder in oersjoch fan de fjildtrainingen fan 2023:

Kategory Dei en tiid Lokaasje
Kabouters Bertejier: 2014/2015/2016/2017 Woansdeis 17.00-18.00 Easterein
Welpen Bertejier: 2012/2013 Woansdeis 18.00-19.00 Easterein
Pupillen Bertejier 2010/2011 Tiisdeis fan 17.45-18.45 Easterein
Skoaljeugd Bertejier 2008/2009 Tiisdeis fan 17.45-18.45 Easterein
Jonges/Famkes Bertejier 2005/2006/2007 Yn oerlis mei de trainers

De trainingsdata binne:

  • Op tiisdei: 2, 9, 16, 23 en 30 maaie, 6, 13, 20 en 27 juny en 4 en 11 july
  • Op woansdei: 3, 10, 17, 24, 31 maaie, 7, 14, 21, 28 juny en 5, 12 en 19 july

Hasto dy noch net opjûn? Doch dit dan hjir foar 1 maaie en dan sjoche wy dy graach op 2 of 3 maaie op de sportfjilden yn Easterein!

Hast noch fragen? Dan kinst kontakt opnimme mei Martina Kooistra fia: training@kfeasterein.nl

Hiel graach oan’t sjen op de keatsfjilden!