Skip to content

Op Keningsdei hat tradysjoneel wer de earste ledenwedstriid fan it seizoen plak fûn.

Hjirby is it altyd ôfwachtsjen wat foar waar at it wurdt. De iene kear kin op 27 april de koarte broek en slippers oan en de oare kear moatte de mûtse en wanten út de kast. Dit kear wiene de waarberjochten op foarhân ek net sa denderjend. Mei it oantal graden nimt faaks ek it oantal opjeftes ta wêrtroch dat yn earste ynstanzje in bytsje op harren wachtsje liet. Uteinlik kaam it dochs goed op gong wêrtroch wy mei in moaie list fan yn totaal 16 partoeren los koene. Der waard keatst yn 3 klassen en de measte partoeren bestiene út 2-tallen. Oan it ein fan de dei kamen de folgende partoeren as winners út de bus.

Mânlju A-Klasse

1ste priis

Peter Sijbesma

Douwe Durk Reitsma

 

2de priis

Erwin de Boer

Roel Sijbesma

Tom Couperus

 

1ste priis ferliezersronde

Peter Stuiver

Johannes Hazenberg

 

Mânlju B-Klasse

 

1ste priis

Jan Bouke Bouma

Geert Dijkstra

 

2de priis

Jelle de Boer

René Rijpma

 

Froulju

 

1ste priis

Janieke Dijkstra

Mattie Dijkstra

 

2de priis

Jitske Plantinga

Dian Dijkstra

 

Al mei al in tige slagge dei.

Back To Top