Skip to content

 

 

Yn ús jubileumjier mochten wy hjoed de famkes A en B klasse t.i.l. ûntfange yn Easterein. Mei prachtich keatswaar waard der sportyf keatst. De (klup)skiedsrjochters hiene it net dreech yn dizze kategory. De fammen keatse fûleinich mar earlik. Lit it in moaie opstap wêze nei de froulju’s kategory!

 

Yn de A klasse waard der mei 4 partoer poule keatst. Der stuts 1 partoer boppe-út. Partoer 1 mei Fiera, Inge en Gerde wûnen 3x en sa wie it dúdlik dat de krânsen foar harren wiene.  Oer de 2e priis moast de wedstriidlieding efkes te set; sawol partoer 2 mei Anna, Roelie en Corrie as partoer 3 mei Rixt, Anouk en Marije hienen 16 punten foar. Hjirtroch moasten de tsjinearsten telt wurde en die bliken dat partoer 2 oan it langste ein luts mei 12 tsjinearsten om 15.

 

1e priis
Fiera de Vries   Sexbierum
Inge Jansma   Dronryp
Gerde Lycklama á Nijeholt It Heidenskip

 

2e priis
Anna Rob   Winsum
Corrie Kroondijk   Easterein
Roelie Kroondijk   Easterein

 

Yn de B klasse wiene der 11 partoeren wêr’t yn 1e ynstânzje bylotten wurde moast. Troch in ôfmelding en in hiele snelle enkelblessure koe der trochskoot wurde en bleune der 10 folsleine partoeren oer. Yn de winnersronde gie de finale tusken partoer 7 mei Esmee, Alise, Chantal en partoer 10 mei Jessie, Esther en Rixt. Dit waard 5-1/6-4 yn it foardiel fan partoer 10.
Yn de heale finale ferlear partoer 2 mei Indy, Iris en Anke mei 5-4/6-0 fan de lettere winners.Yn de finale fan de herkansingsronde wûn partoer 1 mei Foke Jil, Nynke, Bente mei 5-3/6-4 fan partoer 8 mei Jildou, Marije en Iris.

 

1e priis
Jessie Rekker   Bolsward
Esther de Vries   Berltsum
Rixt Blanke   Bolsward

 

2e priis
Esmee de Groot   Stiens
Alise Steenstra   Oosterbierum
Chantal de Witte  Makkum

 

3e priis
Lisanne Leijenaar  Bolsward
Marrit Meijer   Wommels
Senne Idsardi   Dronryp

 

1e priis herk.
Foke Jil Bakker   Tersoal
Nynke Paauw   Easterein
Bente Miedema   Workum

 

Mei tank oan de karmasters, âlders en oare frijwilligers en ús haadstiper Couperus Hydrauliek ha we in tige slagge dei hân!

Back To Top