Ferslach KNKB famkes

Nei alle reinbuien wie it waar hjoed geunstich yn Easterein mei de KNKB partij foar de famkes t.i.l. + herk.! Mei in hearlik sintsje en wyntsje en ien buike wie it prachtich keatswaar.

 

Mei in list fan 10 partoer koene we om 10 oere los. Troch in ôfmelding fan Lobke Vlasbloem moast de list hjir en dêr wat feroare wurde.

 

Yn de herkansingsronde stiene Jeska Terpstra, Boukje-Ellen Bosma en Ilse-Marije Hartman yn de finale tsjinoer Marije Bodde, Joanne Elise Broeders en Ellen Jorritsma. Nei in iensidige striid waard it 5-2/6-0 foar Marijec.s..

 

Yn de winnersronde wie de 3e priis foar Rianne Nutma, Selma de Boer en Naomi Wiersma, sy ferlearen yn de heale finale fan Jannica v/d Ploeg c.s. mei 5-1/6-6. De partoeren fan Rixt Wijnia, Jessie Rekker, Rixt Fokkema en Jannica v/d Ploeg, Larissa Smink, Gerde Lycklama á Nijeholt mochten striede om de krânsen. Jannica c.s. wiene hjiryn de sterksten en wûnen mei 5-2/6-4.

 

Elts lokwinske mei de prizen!

 

Us hertlike tank oan ús karmasters en de âlders dy’t meiholpen ha! Ek fansels tank    oan ús haadstuiper Couperus Hydrauliek út Easterein foar it mei mooglik meitsjen fan dizze partij.

 

 

 

1e priis
Jannica v/d Ploeg (Stiens)
Larissa Smink (Makkum)
Gerde Lycklama á Nijeholt (It Heidenskip)

 

2e priis
Rixt Wijna (Wommels)
Jessie Rekker (Boalsert)
Rixt Fokkema (Harns)

 

3e priis
Rianne Nutma (Winsum)
Selma de Boer (Easterein)
Naomi Wiersma (Warkum)

 

1e priis herk.
Marije Bodde (Grou)
Joanne Elise Broeders (Rie)
Ellen Jorritsma (Easterlittens)

 

2e priis herk.
Jeska Terpstra (Easterein)
Boukje-Ellen Bosma (Makkum)
Ilse-Marije Hartman (Seisbierrum)