Skip to content

De 2e ledenpartij fan dit jier. Foar de manlju in gewoane list mei 12 partoer. De froulju keatsten, mei de seêfte bal, yn in poule mei 6 partoer it saneamde Sneker systeem.

 

By de manlju in spannende finale mei ‘alles oan de hang’. De striid gie tusken Ids de Boer, Johannes Hazenberg en Robert Sijbesma, Pieter Porte, Han Kooistra. Mei in gedwongen kweaslach wûnen Ids en Johannes de krânsen. Dêrmei in 2e priis foar Robert c.s.. In 3e priis wie der foar Rémon Tie Bouma, Bas v/d Weij en Klaas Kamstra, sy ferlearen yn de heale finale fan Robert c.s. mei 5-1/6-6

1e priis

Ids de Boer

Johannes Hazenberg

 

2e priis

Robert Sijbesma

Pieter Porte

Han Kooistra

 

3e priis

Rémon Tie Bouma

Bas v/d Weij

Klaas Kamstra

 

 

By de froulju stie der gjin maat op Janieke Dijkstra en Mattie Dijkstra; sy wûnen alle 3 partijen en wiene hjirmei de dik fertsjinne winners fan de krânsen. De 2e priis wie foar Jitske Platinga en Kirsten Bijlsma, sy behellen 18 foarearsten.

 

 

1e priis

Janieke Dijkstra

Mattie Dijkstra

 

2e priis

Jitske Plantinga

Kirsten Bijlsma

 

Back To Top