Skip to content

Foar it earst in oere earder begjinne (om 20 oere yn stee fan 21 oere) mei nachtkeatsen makke it wat lestich om elts op ‘e tiid op it fjild te krijen. Mar nei in oprop fia de app streamde de kantine dan dochs fol en koe der útein setten wurde.

Yn de 1e omloop makke in blessure in foartidich ein oan de partij foar Stefan van Krimpen; de pink út de kom. Lokkich woe Durk Haringsma foar him ynfalle.

By de B maten in dielde 1e priis foar Jeen en Tim: se hiene eksakt deselde foar –en tsjinearsten mar ek nochris deselde tsjinpunten yn de lêtste earsten.

 

Hjirûnder de priiswinners:

A maten

1e priis: Marten Faber (21/9)

2e priis: Durk Haringsma (17/10)

3e priis: Julian Faber (17/11)

 

B maten

1e priis (ex aequo): Jeen Houtsma, Tim Sweering (21/8)

3e priis: Jorrit Veldman (21/10)

 

C maten

1e priis: Ypie van Sinderen (21/10)

2e priis: Richt Fokkens (21/13)

3e priis: Julia Paauw (17/12)

 

Back To Top