Ferslach sealkeatsen jeugd 2024

Hjoed de (betide) start fan in nij keatsseizoen!

In sealwedstriid foar de jeugd foardat alles op it fjild begjint. En wat wie it slagge. Noflik binnen, gjin kâlde hannen wer tsjin die hurde keatsballen en gjin hurde wyn. Wol in glêde flier en dus rollen de ballen sa in ein fuort 😉 Mar elts koe no wer moai wenne oan it prachtige keatsspultsje.

De priiswinners hjirûnder op in rige. Der wienen bekers foar de winners en foar alle oare keatsers wie der in medaille as oanmoedigingspriis foar de rest fan it seizoen. Sa gong niemand mei lege hannen nei hûs!

Kabouters 1e priis: Sven Sijbesma en Meike Faber

Welpen 1e priis: Jelke Sijbesma en Meike Overwijk, 2e priis: Harmen Joustra en Lotte Kuiper

Pupillen 1e priis: Fenne Sijbesma en Berber Sijbesma