Ferslach slotwedstriid jeugd 11-09-2023

Tagelyk mei de senioaren mocht der troch de jeugd keatst wurde by de slotpartij. It hiele fjild fol wie in machtich moai gesicht. Waarm wie it net, it wie hyt! By de kabouters wienen úteins trije partoer en wie der in poultsje om te keatsen.

De 1e priis by de kabouters is wûn troch: Meike Overwijk en Wout Dijkstra
De 2e priis by de kabouters is wûn troch: Sven Sijbesma en Djurre Faber

De oare list bestie út welpen oant pupillen en in inkele skoaljonge. Sy hienen fjouwer partoer. De prizen by harren wienen as folcht:
1e priis: Pieter-Age v/d Weide, Tryntsje de Jong en Harmen Joustra
2e priis: Jelke Sijbesma, Femke Paauw en Bauke-Jan Dijkstra

Tuskentroch goed drinke en in iisko. Nei de tiid wie der foar elke keatser noch in lekker en leuk pakketsje om mei nei hûs te nimmen!

 

 

Ek waarden de kompetysjeprizen útrikt, dit wienen alle priiswinners:

 

Herinneringen 2022

Kabouters: Sven Sijbesma

Welpen: Jelke Sijbesma

Pupillen: Pieter-Age v/d Weide

Skoaljeugd: Douwine Tolsma

 

Winners 2023

Kabouters

1e priis: Harmen Joustra, 2e priis: Sven Sijbesma, 3e priis: Folkert Joustra

Welpen

1e priis: Jelke Sijbesma, 2e priis: Elin Stoffelsma, 3e priis: Iris Bosgra

Pupillen

1e priis: Marrit v/d Weij, 2e priis: Fenne Sijbesma, 3e priis: Berber Sijbesma

Skoaljeugd/Jonges/Famkes

1e priis: Brecht Stegenga, 2e priis: Pieter-Age v/d Weide, 3e priis: Sander Velzen

 

Alle âlders en oare frijwilligers tige tank foar jimme stipe, wy sjoche jim takom jier graach wer!