In kâlde stiperpartij dit jier, de wintersportklean moasten oan, al giene yn de rin fan de dei steeds mear klean út.
Foar it earst mochten neist de jildstipers ék de tiidstipers (kommisjeleden) meidwaan. Dit levere in bûnt geselskip op op ús moaie keatsfjild. Sa as altyd wiene de manlju en froulju 3 x troch inoar lotte yn twatallen en waard der keatst mei de sêfte bal. It wie wer in wier spektakel om nei te sjen.
Nei de ûntfangst fan foarsitter Dirk-Yde wie der earst tiid foar sop, broadsjes en bypraten. Om goed 13 oere waard de earste bal slein. De earste omloop wie ridlik rap dien sadat we om 14 oere al oan de 2e omloop begjinne koene. Dizze partijen wiene in stik dreger en spannender, krekt sa as yn de 3e omloop. Hjir waard noch folop yn strieden foar de krânsen en poedelprizen ;-).
De prizen waarden as folgt ferdield:
A maten
1e priis Stefan van Krimpen (21 foar, 5 tsjin)
2e priis Dirk-Yde Sjaarda (21 foar, 7 tsjin)
B maten
1e priis Judy Bergsma (21 foar, 5 tsjin)
2e priis Hille Meijer (18 foar, 11 tsjin)
Poedelprizen
A maat Danny Roos (6 foar, 18 tsjin)
B maat Tom Couperus (7 foar, 18 tsjin)
We ha in tige slagge dei hân. Nochris tank oan ál ús stipers: sûnder jim kin wy net!!!