Keatskes: 11-08-2013

Al wer in soad spesjale wedstriden efter ús lizzen. Jong-Famme, Jong-Feinte, PC, Ald-Meiers, Freule. En foar ús leit de Revâns-Freule (50ste kear) en de Frouljus PC. Ofrûne wykein foel by de froulju de beslissing hokker partoeren nei de Frouljus PC meie. Gjin keats-off sa as by de manlju. De ranking bepaalde de 12 partoeren. Der wie in soad te dwaan rûn dit lêste wykein foar de frouljus PC.

 

 

Freed 9 augustus

 

KNKB

 

Boazum – Federaasje jongerein

Yn Boazum stienen ek Eastereinder leden op de list en fan Wilma Bonnema krige we troch dat der 3 welpen ek 3 prizen hellen. Jelmer Brouwer mei Pascal Poelstra, 2e priis, Redmer Wiersma mei Jessie Rekker de 1e yn de ferliezersronde en Siebo Boersma mei Jente Schraa de 2e yn de ferliezersronde.

 


 

 

Sneon 10 augustus

 

KNKB

 

Dokkum – Manlju haadklasse útnoeging

20130810 Dokkum HH1epriis1 

Jelte Pieter Dijkstra wint de 1e priis op dizze haadklassepartij mei Taeke Triemstra, Sint Jakob en Jouke Bosje, Ljouwert. Yn de finale winne se mei 5-3:6-6 fan Gert-Anne van der Bos, Alle Jan Anema en Pier Piersma.

Foar it moaie wiidweidige ferslach sjoch op by Heren Hoofdklasse Uitnodiging uitn (10 part) 

 

Menaam – Froulju haadklasse útnoeging

20130810 Menaam DH1eprijs 

Marije Hiemstra wint de krânse mei Sjoukje Visser, Ie en Fenna Zeinstra fan Snits. Se winne de finale mei 5-3:6-4 fan Lisette Wagenaar, Feikje Bouwhuis en Geke de Boer.

 

 

 

Bitgum – Manlju 1e klasse útnoeging

20130811 Bitgum Manlju1eklas 

Bauke Dijkstra wint mei Menno van Zwieten, Peins en Gerrit Jan Duiven, Hartwert in 2e priis. De finale wurdt ferlern mei 5-4:6-6 fan Pieter Bakker, Kees van der Schoot, Thomas van Zuiden

 

 

Goaiïngea – Froulju 1e klasse t.i.l.

20130810 Goenga D1eklas 

Imke van der Leest wint in 2e priis mei Rixt Bijlsma en Ingrid van der Veen. De finale waard ferlern mei 5-1 6-6. Dizze wedstriid wie foar de tiid al núver. Sa wie der net op funksje lotte en fan de 9 partoer wienen der trije froulju dy ôfsein hienen. En dat yn it wykein dat der keatst wurde moast foar in plak op de frouljus PC.

 

 


FEDERAASJE

 

 

Goaiïngea – Manlju en froulju t.i.l.

20130810 Goenga ManljuC 

Sipke Hiemstra wint yn de C-klasse de krâns mei Jelle Jan Sybrandy en Joost Schaap

20130810 Goenga FrouljuC 

Petra Jellema-Dijkstra en Gatske de Jong winne de 2e priis by de froulju B.

 


Snein 11 augustus

 

KNKB

 

Easterein – Manlju 1e klasse frije formaasje

Foar ferslach en foto, sjoch by 11-08-2013 – Manlju 1e klasse

 

 

Harns – Froulju haadklasse frije formaasje

Martine Tiemersma wint mei Ilse Noorman en Margriet Bakker in ferrassende 3e priis. Se stienen op de haadklasse om’t der in partoer dat yn de haadklasse keatse ‘moast’, har net opjûn hie. Yn de 1e omloop ferrasse se al troch it partoer fan Joukje Kuperus, Feikje Bouwehuis en Harmke Siegersma te ferslaan. Dit partoer hie yn Arum noch wûn.

 

 

Rie – Froulju 1e klasse frije formaasje

Yn Rie kamen gjin Eastereiners yn de prizen. Ald-Eastereinder Anke Marije Pompstra wûn mei har partoer (Sanne Velsma en Mariksa Hoogland) de 2e priis en in ticket foar de PC.

Dat ticket hie ek foar Sietske Okkema, Anke Winkel en Jelien Pompstra der lein, hienen se de 1e omloop wûn fan har konkurrinten Nynke Sinnema, Esther Wagenaar en Annelien Broersma. It waard 5-4:6-4 en dat wie fansels tige spitich. Winst wie genôch west. Se ha goed keatst en wienen tichtby. Takom jier better froulju, mar respekt dat jimme der foar keatst ha!

 

 

Ouwe Syl – Pupillenfamkes A+B

20130811 OuweSyl pupillenfamkes

Yn de B-klasse wint Corrie Kroondijk mei Sharona Buitenveld, Bitgum de krânse