Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma winne mei begelieder Anco Elgersma de ôfdielingswedstriid froulju haadklasse yn Frjentsjer! Yn de finale winne se mei 5-5:2-6 fan Berltsum, nei in efterstân fan 4-0! Sjoch hjirnei foar it ferslach…
Keatswykein 5 en 6 maaie
Sneon 5 maaie
KNKB
Manlju 50+
Roel Sijbesma wint in 3e priis yn Berltsum yn de B-klasse mei Han Baggelaar, Dronryp en Gerrie Otter, Goutum. Der dienen 15 partoeren mei.
Froulju haadklasse ff
Yn Kimswert de start fan it seizoen foar de froulju. IN frije formaasjewedstriid, net beheind, doch mar 14 partoeren op de listen en trije froulju ôfwêzich troch in blessuer. Yn de heale finale ferliest Anke Marije Pompstra mei Ilse Noorman en Mariska Hoogland en ha de 3e priis.
Snein 6 maaie
KNKB
Manlju haadklasse útnoeging
Yn Frjentsjer wit Dirk Yde Sjaarda mei syn maten Hendrik Jan vd Velde en Thomas van Zuiden in 3e priis te heljen.
Manlju 1e klasse útnoeging
Jelte Pieter Dijkstra wint mei Lennart Adema, Makkum en Tjisse Steenstra, Bitgummole de krânsen. Yn de finale wint hy fan syn broer Bauke Dijkstra die keatste mei Haye Jan Nicolay, Britsum en Hyltje Bosma, Makkum.
It ferslach fan Jelte PIeter: Ôfrûne snein stienen út namme fan Easterein de bruorren Bauke en ik (Jelte-Pieter) Dijkstra op ’e list fan de manlju earste klasse yn Stiens. Dit net sûnder sukses omdat de finale in treffen waard tusken beide. De Hiele dei wie ’t in frjemde keatserij wêrby alle perkspilers lest hienen van ’t minne sicht.
Bauke besocht de druk foar my noch in bytsje op te skroeven troch te sizzen dat hy neffens him dizze ûnderlinge striid al jierren net mear wûn hat en dat de earste kear der doch in kear oan sit te kommen. Mei in 5-1 ferlies mei hy de rest fan it seizoen op jacht nei dizze earste kear. Bauke sukses!
Froulju haadklasse ôfdieling
Fan Easterein stienen der mar leafst trije partoeren op de list. Partoer 1 mei Marije Hiemstra, Imke vd Leest en Martine Tiemersma (ynfallen foar Wiepkje Hiemstra) winne de krânsen yn Frjentsjer. Yn de finale winne se mei 5-5:2-6 fan Berltsum. Se stienen 4-0 efter, mar kamen prima werom. Yn de heale finale moast Easterein 1 it opnimme tsjin Grins. Ek dêr kamen de froulju op 4-1 efterstân, mar ek dizze wedstriid wisten hja te winnen, 5-4:6-6.
Derfoar hienen hja in steand nûmer nei de winst op Easterein 2 mei 5-1:6-2. Easterein 2 mei Jildou Jorritsma, Gabriële Bouma en Sietske Okkema wienen de 1e omloop frij om’t Dronryp der net wie.
Yn de earste omloop hie Easterein 1 al wûn fan Minnertsgea mei 5-1:6-6.
Easterein 3 moast tsjin St Anne en koenen dat krekt net risse. In moaie partij, mar de winst nei St Anne, 5-5:6-0.
Jonges B-klasse t.i.l.
Remon Tie Bouma hie in twadde priis yn de ferliezersronde mei Herre de Vries en Sjoerd Visser
Pupillen famkes
Yn Wynaam in 3e priis foar Jeska Terpstra mei Reny van Wieren fan Rie. Yn de ferliezersronde in 3e priis foar Mirjam Punter mei Geanna Faber fan Arum
Welpen famkes
Corrie Kroondijk stie mei Femke Terpstra fan Wommels yn de finale yn Ljouwert en wint de 2e priis. Foar Machtelt Veldman mei Dian Dijkstra fan Jirnsum wie der de 3e priis. Ek op de list Roelie Kroondijk en Nynke Paauw.
Sjoch foar alle útslaggen op KNKB.NL as KAATSEN.NL