Frouljus PC 2015: Easterein mei 6 froulju op PC

Woansdei 19 augustus is de frouljus PC yn Weidum

Op de list steane mar leafst seis froulju fan Easterein! De partoeren:

Marije Hiemstra, Martine Tiemersma, Sjanet Wijnia

20150510BoalsertFroulju1k

Anne Monfils, Imke vd Leest, Renske Terwisscha v Scheltinga

20150726Tsjummearrum Froulju1eklas1

Sietske Okkema, Sandra Hofstra, Jelien Pompstra

20150808Driezum Froulju1eklas

Tineke Dijkstra, Esther Wagenaar, Annelie Broersma

20150813Akkrum Keatsoff 

Tineke endy hellen de PC troch tongersdei 13 augustus yn Akkrum de 1e keatsoff foar de froulju te winnen. It begjin fan it seizoen giet noch net lekker, maar de lêste moanne wienen se der en no dus doch op de PC. Ek Sietske Okkema endy hienen in foarsichtich begjin fan it seizoen, mar se pakten ek de nedige punten en kamen sels op it 7e plak en pleatsen har dêrmei daliks foar de Frouljus PC.

Marije en Martine mei Sjanet begûnen yn de 1e klasse, mar ha dêrnei op de haadklasse stienen en dienen dat goed.

Imke en Renske hienen gjin (fêste) opslagger yn de 2e syklus en ha efkes op de 1e klasse stien, mar op de haadklasse werom kommen.

De meast erfaren PC keatser is fansels Imke vd Leest, no út Easterein en derfoar út Dronryp.

Mei Marije Hiemstra en Aukje van Kuiken de PC wûn yn it jier 2012.

 

Moandei 17 augustus om 20:00 oere is de lotting yn Weidum yn it DoarpshÛs.

Dit is ek live te folgjen by Radio Eenhoorn Sport.

 

We winskje alle froulju in hiel soad sukses op dizze Frouljus PC!

Kom se oanmoedigjen op woansdei 19 ausgutus yn Weidum of folgje se (#frouljuspc, http://www.kaatstv.nl,  http://www.nijekriich.nl)