Keatskes: 16-08-2015

Seis froulju fan Easterein op de Frouljus PC yn Weidum op 19 augustus! Guon tochten dat it der sân wienen, want wa stie yn de twadde syklus by IMke en Renske op de list? Just, WIlma Sjaarda. Se wie wol yn training west, mar koe spitich genoch woansdei net meidwaan en dus giet der in oaren mei. Mar earst wie der noch de generale foar de Freule yn Akkrum en fansels noch folle mear wedstriden. Sa as de federaasjewedstriid op freed yn Hommerts Jutryp. 


Freed 14 augustus 


Hommerts-Jutryp

Welpen

In 3e priis foar Senay Sixma mei Otte Algra Ljouwert

 

Pupillen

In 2e priis yn de ferliezersronde foar Siebo Boersma mei Henk Hoekstra Hommerts

 


Sneon 15 augustus 


Easterein – Bospartij jongerein

Ferslach en foto’s stean under Wedstriidutslach, Leden, 15-08-2015 – Bospartij

Easterlittens – Manlju A+B

Yn de A-klasse In 3e priis foar Sipke Hiemstra mei Dirk Poortstra, St.Jacobiparochie en Nanning Seepma, Harkema

Damwâld – Froulju 1e klasse frije formaasje

In 1e priis yn de ferliezersronde foar Tineke Dijkstra, Esther Wagenaar en Annelien Broersma

20150815Damwald Froulju1eklas 

Tsjom – Famkes útnoeging

De krânse foar Jeska Terpstra mei Rixt Sinnema Wergea, Jeska Terpstra Easterein en Jildou Felkers Stiens

20150815Tsjom Famkes

Boalsert – Skoalfamkes t.i.l.

De krânse foar Roelie Kroondijk (Easterein) en Fiera de Vries (Sexbierum). De 2e priis foar Rixt Wijnia (Wommels) en Machtelt Veldman. In 2e priis yn de ferliezersronde foar Selma de Boer (Easterein) en Ilse-Marije Hartman (Sexbierum).

20150815Boalsert Skoalfamkes1 

20150815Boalsert Skoalfamkes2

20150815Boalsert Skoalfamkes2F

Blije – Welpenjonges t.i.l. A

De krânse foar Redmer Wiersma mei Foppe Drijfhout, Poppenwier yn de A-klasse

20150815BlijeWelpenjongesA

Blije – Welpenjonges t.i.l. B

Yn de B-klasse in 1e priis yn de ferliezersronde foar Arjen Stremler mei Edwin de Vries, Hallum

20150815BlijeWelpenjongesB 

Blije – Welpenfamkes t.i.l.

De krânse foar Judith vd Weerd en Eline van Dijkhuizen, Nijland

20150815BlijeWelpenfamkes 


Snein 16 augustus


Akkrum – Froulju haadklasse – generale PC

Imke vd Leest mei Anne Monfils en Renske Terwisscha v Scheltinga winne de 3e priis. Der wurdt yn de heale finale ferlern fan Ilse Tuininga, Sjoukje Visser en Manon Scheepstra.

20150816Akkrum Frouljuhaadklassse

Hoe giet it mei de oare partoeren?

Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Sjanet Wijnia koenen gjin fust meitsje tsjin Ilse Tuinenga c.s. en ferlearen de 1e omloop.

Tineke Dijkstra mei Esther Wagenaar en Annelien Broersma ferlearen ek de 1e omloop tsjin Anna Brecht Bruinsma c.s.

Sietske Okkema en Jelien Pompstra mei Sandra Hofstra ferlieze ek de 1e omloop, al waard it ein noch spannend, fan Elly Hofman c.s.

 

Marsum – Famkes frije formaasje

In moaie list fan 18 partoeren yn Marssum. De 2e priis yn de ferliezersronde wie foar Jeska Terpstra mei Lisette Tolsma en Rianne Nutma

20150816Marssum Famkesff