Frouljus PC 2015: Ien yn de prizen!

Op de frouljus PC dus seis froulju fan Easterein!

Ien fan harren foel yn de prizen en dat wie Imke vd Leest mei de debutante Anne Monfils en mei Renske Terwisscha v Scheltinga.

20150819WeidumFrouljusPC1

Hja hellen de finale en moasten doe tsjin Ilse Tuinenga cs. Dat waard nei in goed begjin ferlern mei 5-2:6-6.

Yn de 1e omloop winne se ienfâldich fan Elly Hofman endy mei 1-5:2-6. Ferwacht wie dêrnei de partij tsjin Lisette Wagenaar cs, mar die ferlearen ferrassend fan Rianne Vellinga cs. Tsjin Rianne Vellinga cs gie it al wat dreger, mar dy wienen gjin skim fan de 1e omloop mear en Imke en dy winne mei 2-5:4-6.

Yn de heale finale treffe se it partoer mei de Nederlânsk Kampioenen Nynke en Wiljo Sybrandy mei Nicole Hempenius. In moaie en spannend partij dêr’t Imke endy in foarsprong nimme fan 5-2, mar Nicole endy komme wer om oant 5-4. Mar op 6-4 winne Imke en dy en komme se yn de finale.

Uteinlik in moaie 2e priis foar Anne Monfils, dy fansels in prachtich debut hie, Imke vd Leest en Renske Terwisscha v Scheltinga. IN moai, tûk en blier keatsend partoer.

Nochris fan herte lokwinske mei dizze moaie twadde priis op de 39ste Foruljus PC!

 

En de oare fiif froulju dan?

Marije, Martine en Sjanet moasten tsjin Anna BRecht Bruinsma cs. Net in ûnmooglike opjefte foar Marije endy. Mar it hast foutleas keatsende partoer Bruinsma cs wûn it om’t it mei Marije endy minder gie as oars. Sawol d eopslach as it perk rûn net sa as oars wol kin en dus moasten se yn de 1e omloop al ôfskie nimme mei 5-2:6-6.

20150819WeidumFrouljusPC1

Tineke, Esther en Annelien hienen it dreechste lot, tsjin Ilse Tuinenga endy. Op 0-5 efter pakke se, mei troch goed keatsen en stipe fan it publyk dan noch wl in earst, mar it waard 1-5:4-6 en ek der ôf. Troch de keatsoff de kâns pakt om hjoed yn Weidum te stean en ûntank alle ynspaningen wie Tuinenga cs te sterk.

20150819WeidumFrouljusPC4

Sietske, Sandra en Jelien hienen lotte tsjin Irsi vd Veen endy. Net ûnmooglik. Se begjinne goed en oant 4-4 hieltyd ien buordsje foar kommen. Sawol it perk as opslach rint goed. Yn it tuskenspul dogge se it ek goed mar de pear foutsjes dy makke wurde, dy meitsje dat vdVeen endy op 4-5 komme en sels op 0-6! Dan slaan Sandra en Jelien trije boppe en de fjirde bal giet mar in lyts bytsj kwea, mar de partij giet wol ferlern. Prachtich debut fan Sandra en de meiden hienen graach de 2e omloop helle, mar dat wol elk!

20150819WeidumFrouljusPC4 

Sjoch foar berjochten oer de Frouljus PC op:

http://www.knkb.nl/

http://www.nijekriich.nl/main.php?p=frouljus-pc

http://www.kaatsnieuws.nl/article.php?sid=12331

http://www.henkbootsmafotografie.nl/index.php?id=1&map=12&submap=278