Keatskes: 23-08-2015

It keatswykein nei de frouljus PC begûn op freed yn BItgum by de haadklasse froulju t.i.l. En sneons yn Bitgum de manlju ôfdieling, mar Easterein wie net útnoege… Sneontejûn it nachtkeatsen foar senioaren yn Easterein. En de sneins hast wer in folsleine aginda foar alle kategoryen.

EN FREED 28 AUGUSTUS yn Easterein, de Boeren PC!

OANFANG: 9:00 oere!

 


Freed 21 augustus


Bitgum – Froulju haadklasse t.i.l.

It partoer fan Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Sjanet Wijnia kaam yn Bitgum yn de prizen. Sjanet wint de krânse mei Ilse Tuinenga en Leonie vd Graaf. De twadde priis is foar Martine mei Lisette Wagenaar en Fenna Zeinstra en de tredde priis foar Marije mei Marte Altenburg en Renske Terwisscha v Scheltinga.
Der hie noch in Eastereinder (neist Imke en Sietske) stean kinnen yn Bitgum, mar guon melden harren nei de lotting noch ôf…
Sietske Okkema wint de 1e omloop en ferliest dan mei 5-5-:6-6… Imke vd Leest ferlear de 1e omloop fan Marije endy.

20150821Bitgum HKF1

20150821Bitgum HKF2

20150821Bitgum HKF3

 


Sneon 22 augustus


Easterein – Nachtkeatsen senioaren
Sjoch by Wedstriidutslaggen, Leden

Hitsum – Froulju 1e klasse t.i.l.

De measte keatsers dy stopje hoopje op in moai ôfskied op de PC en dat gun je sokke keatsers dan ek. Dat slagget net altyd. Om foar 1 syklus ôfskied te nimmen fan it keatsen is makliker en dan ek noch op de lêste wedstriid de krâns te winnen is hielendal leuk! Seker as je witte dat Jelien Pompstra earst op stage soe gean op sneon 22 augustus, dat har doe frege waard om op woansdei 19 augustus al te begjinnen…duh. Mar úteinlik waard it 27 augustus dat hja foar 8 moanne op stage giet.

Yn Hitsum koe se hjoed dus meidwaan en mei sukses. Fan de 9 partoeren kaam Jelien mei Michelle Bruinsma en Klasina Huistra yn de finale en op 5-5:6-4 like it oer, mar doe sloech Jeske de Boer earst op it tou en doe bûten. Der wie in 3e priis foar Tineke Dijkstra mei Thekla Viëtor en Annelien Broersma. Hja ferlearen yn de heale finale fan Jeske de Boer, Iris vd Veen en Sanne Hijlkema.

20150822Hitsum Froulju1eklasse1

20150822Hitsum Froulju1eklasse2

 


Snein 23 augustus


Wytmarsum – Skoalfamkes A+B

Yn de A-klasse de krânse foar Selma de Boer mei Rixt Wijnia Wommels en de twadde priis foar Corrie Kroondijk mei Lobke Vlasboom Makkum.

20150823Wytmarsum SkoalfamkesA1

20150823Wytmarsum SkoalfamkesA2

Reahus-Turns – Welpenjonges A

De krânse foar Redmer Wiersma mei Jelmer Foppe Drijfhout Poppenwier yn de A-klasse

20150823ReahusTurns WelpenjongesA

Reahus-Turns – Welpenjonges B

Yn de B-klasse de krânse foar Arjen Stremler mei Otte Algra Leeuwarden
In 3e priis wie der foar Redmer Stegenga mei Iwan Hiddinga St Anne

20150823ReahusTurns WelpenjongesB1

20150823ReahusTurns WelpenjongesB3