Greidhoekekompetysje -1e ronde

1e ronde Greidhoekekompetysje

 

Hjoed yn Mantgum en Wommels de 1e ronde fan de Greidhoekekompetysje 2012.

 

Mantgum-Easterein 0-3

20120516 GHK_Mantgum-Easterein

(Mear foto’s fan dizze wedstriid, sjoch ûnder menu: Foto’s) 

Dreech keatsen mei in rare wyn dy skean oer it fjild waaide. Guon opslaggers besochten de bal op de wyn te lizzen en dat slagge wolris, mar faak foel de bal dan ek noch bûten oan de wynkant.

 

 

De froulju fan Mantgum (Lyssa vd Ende, Joke Koldijk, Baukje Stienstra) ferlieze fan Easterein (Sietske Okkema, Imke v/d Leest en Anke Marije Pompstra) mei 5-2:6-2. Mantgum pakt op 6-6 noch wol it earst, nei’t Easterein mei 6-0 foar stie. Mar wer op 6-0 foar Easterein wurdt it 1-1.

Easterein nimt dan in foarsprong fan 4-1, mar Mantgum pakt dan ek in spul. Op 4-2:6-4 pakt Easterein mei in boppeslach de 5 earsten. Troch op 6-2 de keats foarby te slaan is de winst binnen.

 

By de junioaren keatse foar Mantgum Johannes Muller, Jasper Visser en Sjoerd Lantinga. Foar Easterein steane yn it fjild de junioaren Danny Roos, Carlo Booms en Jelte Pieter Dijkstra. Oant 2-2 giet it gelyk op en wit Mantgum goed fan har ôf te byten. Mar Easterein set oan en de opslach fan Danny en Jelte PIeter rint goed, lykas de útslach fan Carlo. Op 5-2:6-2 slacht Carlo de keats foarby.

 

Ja, en dan de manlju. Spannende striid tusken de ‘Belgen’ fan Mantgum (WIlco Fopma, Jan Geert Nutma en Richard de Graaf. Belgen? NO ja, sokke wanten hienen se oan… Dêr tsjinoer stienen trije Friezen fan Easterein, Syb Overal, Marten Faber en Bauke Dijkstra.


Ek hjir it earste earst foar Mantgum en dan ek rillegau 1-1. Easterein nimt dan ek hjir hurd de lieding mei 4-1 en it liket goed. Mar Mantgum komt werom. Tûk opslaan en in soad boppe út die grauwe nappen wei, 4-4. Mantgum komt sels op 4-5 as op 0-6 bûten slein wurdt. Mar Syb pakt (net taktysk wurdt der sein) de 5-5 mei in sitbal op 6-2. Yn it lêste earst komt Easterein mei 6-4 foar, mei tank oan bûtenslaggen fan Mantgum. Op dy stân moat in keats ferdigene wurde, mar dat hoecht net nei de fleanende sitbal fan Syb!

 

 

 

Mantgum-Easterlittens 1-2 (bron: KF Jacob Klaver – Mantgum)

Nei de lêste slach by de senioaren moasten ús keatsers it opnimme tsjin Easterlittens. Littens kaem fris en fruitig it fjild op en by Mantgum wiene de spieren al wat opstive. Der waard nogal wat frege fan de kondysje. Mar de kopkes gongen net del en wer waard der fûleindich tsjin it lytse baltsje oanhuft.

 

De froulju hiene hun leske leard en gongen net wer it skip yn. Under oanfiering fan nestor Joke waard der in ekstra skepke by op dien en dat die fertuten. Mantgum wûn mei 5-0 en 6-6.

 

De senoaren en junioaren diene noch tige harren bêst mar wiene net opwoeksen tsjin it keatsgeweld fan de Littensers. De junioren ferlearen mei 0-5 en 2-6 en de senioren mei 1-5 en 2-6

 

 

Wommels-St Anne 1-2 (bron: KF Wommels)

Woansdei 16 maaie setten we wer útein mei de Greidhoeke kompetysje. Wommels spile in thúswedstriid, de earste partij moasten se tsjin St. Anne.

 

De senioren mei Redmer Strikwerda, Rommert Politiek en Gerrit Flisijn hiene “in hiele kluif” oan de senioren fan St.Anne werbij Jacob Wassenaar as sawol syn maat de ballen maklik oer de boppenline tikken. De mannen fan Wommels kamen net yn de wedstriid St.Anne wûn mei 1-6.

 

De junioren mei Wietse Fopma, Jan Friso Bruinsma en Jort Strikwerda hiene it like dreech mei de junioren fan St. Anne. Troch tefolle missers sawol oan de opslach as yn it perk krigen ús junioren gjin grip op St. Anne en de partij waard mei 0-6 ferlern.

 

Us froulju mei Hester van der Meer, Susan Altenburg en Esther Hoitinga keatsten gelokkich in stik spannender. Tsjin de froulju fan St.Anne waard der om en om in buordsje helle en op 5-5 6-4 slagge it ús froulju om de keats te behâlden en wûnen se de partij.

 

 

Wommels – Bitgum 2-1 (bron: KF Wommels)

Undanks it kâlde waar wiene ús keatsers no goed warm draait en klear foar de twadde thúswedstriid, no tsjin Bitgum.

 

De junioren fan Bitgum wiene net yn staat west om in pertoer te formearjen, dat betsjutte dus dat dizze zege foar Wommels “yn de pocket” siet.

 

De senioren stiene ekstra op skerp nei it deblace tsjin St. Anne en runen flot oer de mannen fan Bitgum hinne. Dizze lêsten kamen noch wol wat werom oant 5-3 mar ús mannen wisten de partij goed ôf te meitsjen en wûnen mei 6-3.

 

De froulju hiene al har krêften jûn yn de partij tsjin St. Anne en it slagge harren net om de beste frou fan Bitgum, Nelie Steenstra mis te keatsen. Op 0-5 en 6-6 wie der kâns op in buordsje mar Esther sloech de bal knap dochs kwea út en Wommels ferlear mei 0-6.