Op 14 juny hienen wy in jeugd ledenpartij. It betreft de útwikseling mei ús gearwurkingspartner KF Wommels. De Eastereinder jeugd is earder dit seizoen yn Wommels west foar in wedstriid, hjoed kwamen de Wommelser jeugdleden nei Easterein. Troch disse gearwurking keatse de ledenkeatsers ek ris tsjin oaren, hjir lear je altiid fan en foar de ôfwikseling in moaie tafoeging. Mei in list fan totaal 16 partoeren en lekker waarm waar wie it in slagge keatsdei. Hjirûnder de priiswinners:
Kabouters
1e priis: Folkert Joustra en Janne Hoekstra
2e priis: Merthe van Dijk, Lise Roos en Benthe Kamstra
Welpen
1e priis: Wybren Politiek en Sven Sijbesma
2e priis: Thys van Wijngaarden en Benthe Stoffelsma
1e herk.: Brend Toering en Redmer Kamstra
2e herk.: Evert-Jelle de Jong en Hielke Tuinstra
Pupillen&Skoaljeugd
1e priis: Fenne Sijbesma, Elin Stoffelsma en Lotte Kuiper
2e priis: Jelke Sijbesma, Iris Bosgra en Jinse-Durk de Jong