23. Dronryp 2 – 2. Winsum
We komme deryn op 2-4. Winsum stiet deeglik te keatsen en pakt op 2-4 0-6 de 5 buorden troch de dikke keats te behâlden. Op 2-5 6-6 slacht Winsum in keats en mei dizze sels ferdedigje. Dit slagget net en Dronryp pakt 3 earsten. Op 3-5 2-4 slacht Evert Pieter in sitbal en pakt de 6. It wurdt nog 4-6 mar dan noch in sitbal fan Evert Pieter en op in stân fan 3-5 4-6 is Winsum troch nei de heale finale.
5. Bitgum – 8. Seisbierrum-Pitersbierrum 1
Bitgum begunnen de dei sterk mei 5-0 6-0 tsjin Wjelsryp, dernei in prachtige spannende partij tsjin Easterein. Nei 4-2 efterstân winne se disse partij mei 4-5 4-6. Mar op de 3e list treffe se Seisbierrum-Pitersbierrum 1 en ferlieze se kânsleas mei 0-5 0-6.
14. Tsjummearum – 15. Menaem
It earste buordsje is foar Menaem. Op 0-1 6-2 en in keats wurdt it 6-4 en ferfolgens earsten gelyk. Op 1-1 4-4 pakt Tsjummearum de 6. Dan in keats en Tsjummearum pakt dizze en as earste it spul. Sadra it 2 earsten gelyk wurdt liket it in snel earst te wurden mei in foarsprong fan 6-0. Dan retourneert Menaem mar ljeafst 4x (!) de bal yn it perk en pakt as earste de 3 buorden. 3-3 6-4 bûten Tsjummearum. 5-3 6-0 kweaslach Jelle Pieter 2-3 6-6 retourneert Tsjummearum de bal fanôf de boppe werom it perk yn, 3 earsten gelyk. Beide kanten litte steeds moai tuskenspul sjen. Op in stân fan 3-3 2-4 pakt elk in keats, 4-6. Dan giet de bal bûten en wurdt it 3-4 foar Menaem. In rap earst folget mei op 3-4 2-6 in sitbal fan Menaem en pakt dêrmei de 5 buorden. Wer in rap earst en op in stân fan 3-5 0-6 slacht Tsjummearum de bal kwea út en stiet Menaem yn de heale finale.