Jong-Feinte – Finale
Nei in prachtig Frysk folkslied songen troch Antsje Stenekes kinne we los mei de finale. Seisbierrum-Pietersbierum 1 mei de keatsers Johannes van der Veen, Kees van der Schoot en Jelte Visser nimme it op tsjin St. Anne mei Rein Hiemstra, Krijn Hiemstra en Sjoerd de Jong. Fanwege de wyn binne de perken omlein. It earste buordsje is metien spannend. Op 4-4 lizze der twa keatsen, 1 fan ûngefear 6 meter en 1 by de boppe. Seisbierrum-Pietersbierum sil oan de opslach besykje dizze keatsen te behâlden. De earste wurdt pak troch in boppeslach fan Sjoerd de Jong en de twadde is foar Seisbierrum. Op 6-6 slacht Sjoerd de Jong de bal in ein oer de boppe en is it earste buordsje foar St. Anne.
It giet wer gelyk op. Krijn slacht in bal boppe, Johannes in sitbal, Johannes in bal bûten en noch ris in sitbal: 4-4. Dan in keats en Kees v/d Schoot slacht op, mar Sjoerd soarget foar de 6 troch de bal boppe te slaan. Troch in kweaslach fan Seisbierrum-Pietersbierum wurdt it 0-2 yn earsten foar St. Anne. 0-2 4-4 en twa keatsen, werby sawol Seisbierrum-Pietersbierum as St. Anne in keats pakt. It wurdt wer seis gelyk en Sjoerd de Jong pakt it tredde buordsje foar St. Anne troch de bal werom yn it perk te slaan.
It folgende buordsje is foar Seisbierrum-Pietersbierum. Op 0-3 4-0 en in dikke keats slacht Jelte Visser de bal boppe fan Krijn Hiemstra. De 6-0 foarsprong yn it earst wurdt ôfmakke troch Seisbierrum en sa wurdt it 1-3. Op in stân fan 1-3 2-2 en twa keatsen pakt St. Anne beide keatsen en wurdt it 1-3 2-6. In dikke keats op de boppe en Johannes slacht de bal plat foaryn, 4-6. En wer in knappe sitbal fan Johannes, 6-6. It perk Kees/Jelte tsjinoer Sjoerd pakt de keats net, 1-4.
Yn it nije earst slacht Jelte kwea út. 0-2. Seisbierrum besiket it mei in ruil yn it perk, mar no slacht Kees kwea út, 04. Der komt in 0-6 ass St Anne de 1e keats pakt en de 1-5 is dêr as de 2e keats ek troch Sjoerd fersulvere wurdt. De earste bal yn it nije earst giet op de kwea yn, 2-0 en dan komt der in keats. Dan pakt Krijn de 2-2 mei in boppeslach. St Anne is deeglik en keatst tûk. Der binne twa keatsen en Krijn oan de opslach. De hege bal wurdt in proai foar Kees, 4-2. Op 6-4 pakt Seisbierrum it spul as Sjoerd bûten slacht.
Kees pakt de earst 2 punten yn it nije earst, boppe, 2-0. Der komme twa keatsen en Rein hâldt de keatsen lyts yn it tuskenspul. Kees slacht fligend op de linkerhân fan Sjoerd, 4-0. Johannes slacht best op en Krij strak út. Johannes kin net mear foar de keats werom slaan, 4-2. Twa keatsen en de earste giet nei Seisbierrum, Sjoerd bûten, 6-2. Krijn slacht op en wer heech fansels. Mar eilaas bûten en Seisbierrum slûpt tichterbij, 3-5. Se begjinne ek it folgjende earst goed mei trije boppeslaggen, 6-0! Dan in keats healweis. Johannes slacht op en kearts sels foar de keats, 4-5!
Dan kwe út fan Sjoerd, 2-0. Dan Sjoerd prima út en Jelte werom yn it perk, 4-0. Dan oin gweldige boppeslach fanôf de heup fan Sjoerd, 4-2. De folgjende útslach fan Sjoerd giet krekt kwea, 6-2. Der komt in lytse keats. De opslach fan Sjoerd giet bûten. Dan earst in lytse keats. Krijn heech op en Kees vd Schoot pakt de earste twa punten fan it lêste earst. Dan pakt Krijn de 2-2 mei in platte bal en de 2-4 mei in tuskenynse bal. wa keatsen en 5-5:2-4. Kees mei in prachtige platte bal op Krijn/Sjoerd, 4-4. Johannes best op, mar Krijn passeart de boppe mei strakke útslach, 5-5:4-6. En dan slacht Johannes de bal eilaas bûten en wint St Anne yn har 3de finale dit kear de haadpriis.
Finale | |||||||||
1) Seisbierrum-Pietersbierum 1 | – | 6) St Anne | 5 | – | 5 | : | 4 | – | 6 |
Utslach | |||||||||
1 | 6) St Anne | ||||||||
2 | 1) Seisbierrum-Pietersbierum 1 | ||||||||
3 | 20) St Jakob | ||||||||
3 | 16) Easterlittens |