Jong-Feinte foarbeskôging

17E JONG-FEINTE PARTIJ

Sneon 9 july 2022 giet de 17e Jong-Feinte partij los!

Oanfang: 10:00 oere

Lokaasje: Sportpark De Skoalleseize yn Easterein

 

Lotting

Woansdei 6 july 2022 wie de lotting. Yn oanwêzigens fan it bestjoer, J. Hiemstra, Tjeerd Dijkstra, J. Huitema en in oantal oare belangstellenden waard de lotting iepene troch wedstriidlieder Dirk-Yde Sjaarda. Om bar mochten de oanwêzigen in lotsje lûke.

 

DE JONG-FEINTE LIST

https://www.knkb.nl/wedstrijden/wedstrijd/17769/wedstrijdlijst

 

Op dizze 17e edysje dogge mar leafst 31 partoeren fan 27 ferienings mei, in nij rekord! We binne as feriening tige wiis mei de opkomst fan safolle junioaren en jonges! Want úteinlik giet it om de keatsers en it keatsen fan de Freule nei de PC! We sille sjen hokker fan disse toppers yn augustus yn die arena’s stean.

 

Op de 17e edysje binne 3 ferienings dy debutearre: Bitgum 2, Hantum en Eksmoarre 2

Alle 17 edysjes meidien: Dronryp en Wommels

73 ferskillende ferienings ha meidien

 

Sjoch foar alle ynformaasje op www.kfeasterein.nl by Jong-Feinte

 

Lieding

De lieding fan de Jong-Feinte partij op it fjild is yn hannen fan Hendrik Tolsma en Johny Bergsma.

 

Ferslachjouwing

Utslaggen fan de Jong-Feinte partij binne te folgjen op Twitter (@KFEasterein).

Foto’s, filmkes en ferslach komme op ús Facebook (Keatsferiening Easterein), Instagram (kfeasterein) en webside (www.kfeasterein.nl).

 

Ek KNKB media is presint! Sy folgje de dei troch de Jong-Feinte partij middels alle sosjaal media kanalen.

 

Henk Bootsma is ús fotograaf fan dizze dei en fansels alle oare parse en fotografen binne fan herte wolkom!

 

 

We winskje alle dielnimmers in soad súkses en elk in moaie Jong-Feinte dei ta op sneon 9 july!