Skip to content

Hijum-Feinsum mei de keatsers Hielke Beijering, Giancarlo Teitsma en Laas Pieter van Straten winne de 15e edysje fan de Jong-Feinte Partij yn Easterein. Yn de finale waard it partoer fan Winsum 1 mei de keatsers Sipco Greidanus, Wessel Hilverda en Evert Pieter Tolsma mei 5-3 6-6 ferslein. Op dizze stân dwingt Hijum-Feinsum Winsum oant in kweaslach en sa wint Hijum-Feinsum dizze spesjale junioaren ôfdielingswedstriid. Noch nea earder wûn ien fan dizze ôfdielingen de Jong-Feinte Partij. Hijum-Feinsum wûn al earder in priis. Sy hienen foarich jier de 2e priis en yn 2007 de 3e. Winsum hat yn 2017 en yn 2018 de 3e priis wûn.

Ek dizze 15e edysje waard der wer moai keatst en folop foar de prizen striden. Op de list stiene 29 partoeren, in nij rekord! Mar leafst 8 debuterende ferienings (Moarre-Ljussens, Balk, Hommerts-Jutryp 1 + 2, Baard, Kimswert, Reduzum, Winsum 2) en 10 PC-keatsers stean op de list.

It wie hjoed tige waarm. In dikke pluim foar alle keatsers, karmasters en oare frijwilligers die hjoed de hiele dei yn’e sinne oan it wurk west hawwe.  

 

 

Hijum-Feinsum keatst de earste omloop tsjin Balk, mei in soad boppeslagen (sels in pear op de jeu de boules baan) winne se mei 5-1 6-6. De twadde omloop hawwe se in steand nûmer en yn de tredde list folget it twatal út Mantgum. Mantgum komt mei 1-3 op foarsprong, mar Hijum begjint dêrnei oan de ynhaalrace. Sy nimme de lieding en meitsje de partij út op 5-4 en 6-2. Yn de heale finale wurdt der op nivo keatst troch sawol Frjentsjer as Hijum-Feinsum. Hijum-Feinsum pakt troch in retoerslach fanôf de boppe fan Hielke de 2-0 foarsprong. Nei in buordsje op 6-6 en in moaie boppeslach fan Laas Pieter stiet it 4-1. Frjentsjer begjint dan wat te bûkeljen, mar nei in moaie triktrak wit Djurre Seerden it 5-3 te meitsjen. Hijum-Feinsum wint troch in opslachflater fan Frjentsjer op de stân fan 5-3 en 6-6.

Winsum 1 is de dei begûn tsjin Winsum 2. Winsum 1 wie in maatsje te grut wêrtroch dizze partij eindige yn 1-5 4-6. Yn’e twadde omloop treffe se Berltsum. In moaie partij wêrby de partoeren oan elkoar weage binne. Oant trije earsten gelyk bliuwt it spannend. Dêrnei rint Winsum út nei 5-3 en eindigt de partij troch de keats foarby te slaan. De tredde omloop nimme se it op tsjin Boalsert. Beide partoeren keatse om alle punten. Troch in sitbal en in boppeslach fan Evert Pieter bringt hy syn partoer op in foarsprong fan 5-3. Boalsert jout net ta, pakt noch in earst, mar dêrnei makket Winsum it út mei in fraaie boppeslach. Yn’e heale finale moat Winsum tsjin Moarre-Ljussens. Spitigernôch wie Auke Boomsma útfallen troch de hitte. De kears liket wat te dôvje by it twatal fan Moarre-Ljussens. Winsum pakt de winst op 5-2 en 6-4 troch in bûtenslach fan Moarre-Ljussens.

Yn de finale begjint Hijum-Feinsum sterk, sy komme drekst mei in 4-0 foarsprong. Winsum kin yn dizze earsten net genôch druk sette en hat wat te folle flaters oan de opslach. Giancarlo wit yn it fjirde earst de keats te behâlden foar Hijum-Feinsum, mar mei in triktrak fan wol fiif kear makket Winsum yn dit earst de 4-4. In boppeslach fan Evert Pieter en in kweaslach fan Laas Pieter bringt Winsum op de 4-1. Deselde Laas Pieter slacht gau de bal wer boppe. En dat mei in foarslach fan Wessel en ien bûten fan Sipco, jout Hijum-Feinsum de 6. It is Evert Pieter dy’t de bal trije kear direkt en fia it tuskenspul boppe slacht. Mar op 6-6 slacht hij kwea. Dit makket 5-1 yn it foardiel fan Hijum-Feinsum. Op 5-2 en 6-6 wit Winsum de keats te passearje wêrtroch it 5-3 wurdt. It njoggende earst giet gelyk op. Mar op 5-3 en 6 gelyk dwingt Hijum-Feinsum Winsum oant in kweaslach. Dizze winner soarget foar in nij doarp oan it listje fan winners fan de Jong-Feinte Partij.  

Tredde prizen wiene der foar it partoer fan Moarre-Ljussens mei Siebe Feenstra, Riemer Hoekstra en Auke Boomsma en foar Frjentsjer mei de keatsers René de Haan, Djurre Seerden en Marco de Groot.

Back To Top