Ferslach keats-off Froulju 15-08-2019

Ferslach keats off froulju 15-08-2019

 

Foar it earst de keats off foar de froulju’s PC yn Easterein. Yn gearwurking mei KF Wommels

wurde de keats off en de generale om beurten yn Wommels en Easterein organisearre.

De publyke belangstelling wie grut! Moai foar de froulju dy’t noch om it lêste plakje foar

de PC stride!

 

De nûmers 12 o/m 15 fan de rankingslist komme hjirfoar yn oanmerking. Om 16.30 oere

mochten de froulju sels lotsje en koe de folgende list opsteld wurde:

 

  1. Hester Zijlstra 2.  Nicole Hempenius

Anke Winkel                     Mintje Meintema

Simona Kootstra              Miranda Scheffer

 

 

  1. Serena Hovenga 4.  Wybrig Bakker

Lobke Vlasbloem             Hiske Zeinstra

Aluca Bouma                  Fiera de Vries (ferfangster fan Melissa Rianne Hiemstra)

 

 

Under lieding fan skiedsrjochter Sipke Hiemstra gie de 1e omloop om eksakt 17.00 oere los. Nei lyk oprinnende partijen waarden de finalisten Hester Zijlstra c.s. (winst mei 5-3/6-4) en Serena Hovenga c.s. (winst mei 5-5/6-0).

 

De finale wie allesbehalve spannend, Serena en har maten stiene op skerp en wûnen mei 5-1/6-2 en pleatsten sich sadwaande foar de froulju’s PC op woansdei 21 augustus yn Weidum.