Keatser fan it jier 2018

Op 16 septimber fanôf 12.00 oere is it wer safier. It konsept wat wy foarich jier yntreden hawwe, sette we dit jier troch. Us ôfslútende ledenwedstriid, ynklusief bbq (ek foar oanhang/family dy net lid binne), huldiging fan priiswinners op de grutte partijen, mar ek fan it kompetysjekeatsen én de Keatser fan it jier 2018.

 

 

Foarich jier hawwe wy der as HB foar keazen om de leden dit beslút te litte nimmen. Elts wa’t op dizze middei fan 16 septimber oanwêzich is, mei in briefke ynfolle mei de namme en efentueel reden fan dyn Keatser fan it jier. Dizze kar leit breed en hoecht net iens altyd prestaasjegericht te wêzen. De kar is gehiel oan jimme, mar tink der fêst oer nei!

 

 

Graach oant 16 septimber, dan meitsje we der wer in gesellige ôfslúter fan!

 

(mail oer opjefte e.d. folget noch)