Keatskes wike 33

It is midden yn de boufak, mar noch altyd wurdt der om raak keatst troch ús leden. Der binne sels guon dy’t fanút harren fakânsje-adres hiel Nederlân trochride om in baltsje op de Fryske greiden slaan te kinnen. Under it mom fan dat de frou dan efkes waskje kin, neame wy dat gewoan echte leafhawwers 😉

 

 

 

Sneon 18 augustus

 

 

Schettens – Longerhouw RAM, ofwol Revanche Ald Meiers

 

De famkes Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Corrie Kroondijk keatse de famkes ôfdielingspartij. Yn de 1e omloop moatte sy it tsjin konkurrint Seisbierrum-Pitersbierrum opnimme en ferlieze krekt mei 5-5 6-6. Makkum lit sjen dat sy dit jier echt de bêsten binne. Nei winst op de Ald Meierspartij, winne sy hjoed ek de revanche wedstriid.

 

 

Wommels, 50+ A en B klasse t.i.l.

 

Sipke Hiemstra wint nei foarige wike hjoed alwer de krânse! Jan Vellinga pakt de 2e priis yn de herkânsingsronde.

 

 

 

Snein 19 augustus

 

 

Holwerd, famkes f.f.

 

Selma, Roelie en Corrie binne hjoed wer yn aksje en pakke no alle trije in priis. Selma wint de 2e mei Inge Jansma en Rixt Wijnia. Roelie en Corrie keatse mei Anouk Schmink en winne de 1e yn de herkânsingsronde.

 

 selma 19 08

 

corrie roelie 19 08