Keatskes: 05-07-2015

De manlju 50+ en de junioaren stienen sneon op it NK yn Penjum en Holwert. Beide partoeren kamen net yn de prizen. Yn Easterein sneon de KNKB Famkes A+B en de sneins, ûnder ekstreem waar, de 37ste Okkemapartij! 


Sneon 4 july 


Penjum – NK Senioaren 50+

Easterein (Sipke Hiemstra, Klaas Kamstra en Simon Kingma) ferlear de 1e omloop fan Berltsum mei 2-5 0-6. Winner fan it NK wurdt Frjjentsjer.

Holwert – NK Junioaren

De junioaren fan Easterein, Doede Rients Okkema, Danny Roos en Jan Schurer winne de 1e omloop fan Minnertsgea mei 3-5:6-6. Yn de 2e omloop treffe se Easterlittens en dat wurdt ferlern mei 5-2:6-6. Winner fan it NK wurdt Boalsert.