Keatskes: 09-08-2015

De Freule is ferkeatst en de favoryt waard ek winner. In prachtige heale finale tsjin Tsjummearum en in minder moaie finale tsjin Rie, mar dy ha derfoar prachtich keatst! Us jonges koenen it yn de 1e omloop net risse tsjin Grou en wienen der dus fuort ôf. Mar se wienen der by!

Foar de froulju it wichtige wykein mei twa frije formaasjewedstriden en yn Rie falt tradisjoniel de beslissing oer hokker partoeren harren daliks foar de Frouljus PC pleatse. Net elk helle dat en 4 partoeren meie tongersdei 13 augustus yn Akkrum besykje om it lêste PC-plakje te winnen yn de keatsoff.


Freed 1 augustus


Snits – Federaasje jongerein

Yn Snits wie der in federaasjepartij foar de jongerein. Fan Easterein ek moai wat dielname.

By de famkes/jonges in 2e priis foar Corrie Kroondijk mei Lex Potma, Hommerts en Matthijs Beuckens, Nijland
Yn de ferliezersronde in 2e priis foar Jorrit Veldman mei Lammert Stegenga, Oudega SWF en Vera Mooij, Folsgare

 20150801Snits FederaasjeFJ

By de pupillenjonges de 2e priis foar Bauke Reijnhoudt mei Jan Johan v/d Kamp

20150801Snits FederaasjeSKJ2

En by de pupillenfamkes in 2e priis foar Nadja Sixma mei Foke Jil Bakker, Tersoal

20150801Snits FederaasjeSKF2

By de welpen wie der in 3e priis foar Marieke Altenburg fan Hidaard mei Sander Zijlstra, Nijland

20150801Snits FederaasjeW1
Yn de ferliezersronde in 1e priis foar Bentje Ottens mei Remco Yska, Bolsward

20150801Snits FederaasjeW2


Woansdei 5 augustus


Wommels – Freule 2015

Op de Freule keatsten de jonges Rutger Wiersma, Kees vd Horst en Jorrit Veldman. De 1e omloop tsjin Grou gie ferlern. Nein in spul efter komme se op 1-2, mar dêrnei is it allegear Grou. We ha wat tafolle foutsjes en Goru is wat sterker. Op 1-5:6-6 pakke se nog wol in bourdsje en se komme yn it folgjende earst mei 6-2 foar. It wurdt 6-6 en dan hat it perk in knapper en is de Freule oer foar dizze Eastereinder jonges.

20150805Freule1

20150805Freule2

20150805Freule3


Sneon 8 augustus


Bitgum – Manlju 1e klasse t.i.l.

Yn Bitgum in 2e priis foar Jan Schurer mei Arnold Zijlstra en Jacob Klaas Haitsma.

20150808Bitgum Manlju1eklas

Menaem – Gouden Wilhelminapartij froulju haadklasse

In 2e priis foar Imke vd Leest mei Anne Monfils en Renske Terwisscha van Scheltinga.

20150808Menaem Frouljuhaadklasse

Driezum – Froulju 1e klasse frije formaasje

Partoer Okkema mei Sietske, Jelien Pompstra en Sandra Hofstra kamen yn de finale en wûnen de 2e priis. De 3e priis foar foar Tineke Dijkstra mei Esther Wagenaar en Annelien Broersma

20150808Driezum Froulju1eklas

20150808Driezum Froulju1eklas3

Sketttens – Revâns Ald-Meiers

Yn Skettens stie Easterein ek op de list, mar yn it blokje by de lettere winner Marssum. Gjin priis op dizze ek moaie partij foar de famkes.

Burgum – Skoalfamkes A+B

De krânse wie foar Roelie Kroondijk mei Rixt Wijnia Wommels
De 2e priis foar Corrie Kroondijk Easterein en Fiera de Vries Sexbierum.

20150808Burgum SkoalfamkesA 

Goutum – Pupillenjonges A+B

In 3e priis yn de ferliezersronde wie der foar Siebo Boersma mei Douwe Joostema, Berltsum

20150808Goutum PupillenjongesB


Snein 9 augustus


Easterein – Manlju 1e klasse frije formaasje

Yn eigen doarp winne Dirk-Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer de 2e priis.
Sjoch foar ferslach by Wedstriidútslaggen, KNKB.

20150809Easterein Manlju1eklasse 

Rie – Froulju 1e klasse frije formaasje

Yn Rie wint Partoer Okkema mei Sietske, Jelien Pompstra en Sandra Hofstra de 3e priis. It wie in goed wykein foar partoer Okkema. Troch it finaleplak fan de sneons yn Driezum hienen se in 2e priis, mar noch folle wichtiger, in plakje op de Frouljus PC
Foar Tineke Dijkstra mei Esther Wagenaar en Annelien Broersma is de keatsoff nog in mooglikheid foar dielname oan de PC.
Dat kom se tongersdei oanmoedigjen yn Akkrum op de keatsoff

20150809Rie Froulju1eklas 

Peins – Famkes frije formaasje

In 3e priis foar Baukje Terpstra mei Yvonne Eisma (Tzum) en Ineke van der Ploeg (Ried) 

Bûtenpost – Skoalfamkes frije formaasje

De krânsen wienen foar Selma de Boer mei Laudy Bouma en Rixt Wijnia
In 3e priis foar Roelie en Corrie Kroondijk mei Anouk Smink

20150809 Skoalfamkesff3