Op befrijdingsdei kinne de measten it earste folle keatswykein efkes oereidzje ûnder it genot fan in hapke, drankje en muzyk yn bygelyks Ljouwqert. Wy dogge dat hjir efkes op de website.
Fansels begûn it op woandei 30 april. Gjin Keninginne- of Keningsdei, mar de start fan it earste keatskamp fan Easterein!
30-04-2014 – Keatskamp Easterein
In hiel grut sukses wie dit earste kamp! Yn it foarste plka tanksy de bern dy’t harren net allinnich tige fermakke ha, mar ek hartstikke leuk meidienen oan alle aktiviteiten.
It keatskamp begûn mei noch in oar sukses! Keatsferiening Easterein hie meidien oan de Poiesz Jeugdsponsoractie en mocht it prachtige bedrach fan Euro 783 yn ûntfangst nimme. Dit waard by de iepening fan it keatskamp presintearre troch de jeugdfoarsitter Hans Kooistra. De opbringst komt te goede oan it keatskamp
En fansels de keatskampkommisje: KOMPLIMENTEN foar Imke vd LEest, Marije Hiemstra, Bauke Dijkstra en Pytrik Hiemstra!
(klik op de foto foar grutter eksimplaar)
En net te ferjitten al dy (jonge) frijwillgers dy’t ek hast allegear trije dagen en 2 nachten op de Skoalleseize west binne. En dy’t û.o. trainingen fersoargen, de katering, byhâlden fan de Facebookside en Twitter fan keatsferiening Easterein.
En de help fan de âlders en stichting Skoalleseize!
De keatskampkommisje komt noch mei in moai ferslach en mei foto’s.
Alles is (letter) te lêzen ûnder Jongerein, Keatskamp
Sneon 3-5-2014
Wjelsryp – Manlju 1e klas t.i.l.
Yn Wjelsryp wie de krânse foar Bauke Dijkstra. Mei Jelle Attema, Makkum en en Jouke Bosje, Ljouwert wûnen hja de finale mei 5-5:6-0 fan Martijn Olijnsma, Grou, Erik Haitsma, Wommels en Erwin Zijlstra, Easterlittens.
Berltsum – Manlju 50+ A en B1e klas t.i.l.
Sipke Hiemstra ek fuort yn de prizen nei in moaie fakânsje oan de oare kant fan it grutte wetter. Gjin jetlag tink, want hy wûn de 2e priis yn de B-klasse mei Siete Wassenaar fan Minnertsgea en Catrinus Kooistra fan Goaiïngea.
Frjentsjer – Froulju haadklasse ôfdieling
Op dizze earste ôfdielingswedstriid foar froulju stienen 2 partoer fan Easterein op de list. Tineke Dijkstra, Gabriele Bouma en Sietske Okkema keatsten tsjin Frjentsjer 2 en ferlearen dat, nei’t se hast hieltyd foar stienen, krekt mei 5-5:6-2.
Easterein 1 mei Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Jelien Pompstra wûnen de 1e omloop mei 5-1:6-0 fan Wolsum. Dêrnei tsjin Grins en ze pakke in 1-3 foarsprong. Mar Grins komt werom en nimt in 5-3 foarsprong. Easterein kin wêr bykomme en it wurdt 5-5. It lêste earst is ek tige spannend, mar op 6-4 wurdt der toch ferlern as de keats net foarby slein wurdt.
Snein 4-5-2014
Arum – Manlju 2e klasse frije formaasje
Dirk Yde Sjaarda wint mei syn maten Erik Haitsma en Siebe Greidanus de krânsen yn Arum, Yn de finale wurdt wûn fan Ane Jan Knol, Meindert Bonnema (ferfanger Sjoerd Teake Kooistra) en Leon Bekema. Sjaarda c.s. winne mei 3-5:0-6.
Huns-Leons – Skoalfamkes t.i.l.
Der is in 3e priis foar Julia Paauw dy’t keatste mei Simona Kootstra fan Minnertsgea. Der dienen mar leafst 23 partoeren (twatallen) mei.