Keatskes: 05-06-2016

Freed de federaasjepartij yn Easterein, mar it waar soarge foar problemen. By de famkes ôfdieling in finaleplakje foar Easterein. En fierdere it oersjoch fan it wykein mei de winners. De sneons wie de dielname oeral wat minder troch de Slachtemaraton http://www.slachtemarathon.frl In soad sportive Eastereinders namen diel.

 

Freed 3 juny

Easterein – Federaasje jongerein

Hjoed de federaasje jeugdpartij fan Easterein op de kalinder fan federaasje Snits eo. We mochten 125 keatsers ferdield oer 6 klassen wolkom hjitte op ús fjild. It wie in hiele puzel mar troch elke sintimeter gers te benutten koene de fjilden sa lein wurde dat elk partoer fuort los koe. Moaie prizen wiene der besteld, 20 prachtige krânsen leine der klear, koartom alle ingrediënten foar in prachtige keatsmiddei! Spitich genôch tochten de waargoaden der rûn in oer as 17.30 wat oars oer. Rare loften mei rein en ûnwaar boppe Easterein ha ús as bestjoer in oere letter beslisse litte moaten dat it net mear ferantwurde wie om troch te keatsen. Tige spitich, mar soms moat je de ferantwurdelikens foar de bern nimme en beslute dat der hjoed fan út Easterein net ien mei de krâns om’e nekke nei hûs ta gean sil….

Jeugdkommisje KF Easterein

 

Sneon 4 juny

St Nyk – Manlju50+ A

Sipke Hiemstra wint mei Age van der Goot en Klaas Sobel de 3e priis.

 

Grou – Haadklasse froulju t.i.l.

Yn Grou de haadklasse EN 1e klasse op ien list troch te min dielname op de 1e klasse. Marije Hiemstra wint mei Marte Altenburg en Louise Krol de 3e priis.

20160604 GrouHaadklassefroulju

 

Koarnwert – Famkes A

Jeska Terpstra wint de krânse yn de A-klasse mei Andrea Kroes en Jennie Terpstra

Koarnwert – Famkes B

Yn de B-klasse is de krânse foar Selma de Boer mei Laudy Bouma

20160604 KoarnwertFamkesAB

Arum – Skoalfamkes A

Yn de A-klasse de krânse foar Corrie Kroondijk mei Anna Rob.

20160604 ArumSkoalfamkesA

Arum – Skoalfamkes B

Yn de B-klasse de 3e priis foar Nynke Paauw mei Jeltine Meulenaar

20160604 ArumSkoalfamkesB

Snein 5 juny

St Anne- Froulju 1e klasse

Sietske Okkema komt yn de finale mei Anouk Tolsma en Martzen Deinum en winne de 2e priis.

20160605 StAnneFroulju1eklasse

Makkum – Famkes ôfdieling

Easterein mei Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra komme yn de finale tsjin Rie en winne de 2e priis.

20160605 MakkumFamkesOfdieling

Easterlittens – Skoalfamkes t.i.l.

In 3e priis foar Machtelt Veldman mei Anouk Smink en Marlies Bonnema. Yn de ferliezersronde in 1e priis foar Roelie Kroondijk mei Sigrid Post en Robin de Leeuw en in 2e priis foar Corrie Kroondijk mei Chantal de Witte en Iris Oosterbaan.

20160605 EasterlittensSkoalfamkes

 

Letter mear…