Keatskes: 29-05-2016

De freeds in grutte jeugdfederaasjepartij yn Drylts mei 113 keatsers. Op de sneins de 38ste (!) Okkemapartij, foar alle federaasjes iepen stelt. In moai keatswykein mei prachtich waar. Oan de (keatsende) leden de oprop om jimme keatssuksessen en keatserfarings ek te mailen nei webbehear@kfeasterein.nl.

Foar de begelieders fan ôfdielingspartoeren. We krije graach ALLE útslaggen fan de ôfdielingswedstriden en omlopen. Tige tank foar de meiwurking

 

Freed 27 maaie

Drylst – Federaasje jongerein

Fan de Eastereinder foelen de folgjende yn de prizen. Famkes en jonges:

2e priis Jelger de Boer (Hommerts), Corrie Kroondijk (Easterein) en Julia Paauw (Easterein)

20160527 DrylstFedFJ

3e priis Timen van Gelderen (Gauw), Kees van der Horst (Easterein) en Manon Elzinga (Ijsbrechtum)

Junioaren: 1e Rémon Tie Bouma (Easterein), Jan Teade Nauta (Drylts) en Jeska Terpstra (Easterein)

20160527 DrylstFedJunioaren

 

Snein 29 maaie

Easterein – Okkemapartij

In foto foar it haadfjild fan de Skoalleseize, ja wier, it moaie griene gers dat je rûke en fiele kinne is fuort en der komt in moai nij keunstgersfjild. It B-fjild is dêrom fergrutte sa’t der in soad keatsfjilden lein wurde kinne.

20160529 Easterein38steOkkemapartij2

 

Winsum – Froulju haadklasse

Imke v.d. Leest wint mei Iris van der Veen en Anne Monfils de krânsen op de haadklasse t.i.l. wedstriid foar froulju.

20160529 WinsumHaadklasse 

Skingen-Slappeterp – Manlju 50+

Simon Kingma yn de krânsen op de 50+ mei Jan de Jong, Menaam en Dirk Machiela, Sint Jacobiparochie. En der wie in 2e priis foar Sipke Hiemstra mei Ludwig Seerden, Franeker en Lieuwe Althof, Stiens

20160529 SkingenManlju50 

20160529 SkingenManlju502

Winsum – Froulju 1e klasse

Foar Tineke Dijkstra in 2e priis mei Mintje Meintema en Harmke Siegersma.

20160529 Winsum1eklasse2 

Penjum – Jongens t.i.l. B klasse

Rutger Wiersma wint in 3e priis mei Jort Norder en Youri de Groot

 

Raerd – Famkes t.i.l. B klasse

Selma de Boer wint de 1e priisnyn de ferliezersronde mei Anna Ennema en Ellen Jorritsma. De 2e priis yn de ferliezersronde is foar Alien Dijkstra mei Ymkje Yntema en Jente van der Hem.

20160529 RaerdFamkesB

20160529 RaerdFamkesBF2 

Boalsert – Skoalfamkes ôfdieling

Easterein mei Roelie en Corrie Kroondijk en Machtelt Veldman winne de 1e omloop fan Winsum, mar ferlieze de 2e omloop fan de lettere winner Seisbierrum-Pietersbierum.

 

Letter mear…