Keatskes: 06-09-2015

In wykein mei min waar en guon keatswedstriden waarden ôflast (Haadklasse froulju yn Dongjum en Froulju 1e klasse yn Hearrenfean). Yn Easterein hienen we de Stiperdei en lokkich hienen we op tiid droech en moai waar en sa koe dat trochgean. Tjeerd Dijkstra makke syn debut by de 50+ en dy dat goed. It wie wol aardich dat sawol hei as beide soannen yn de prizen kamen op KNKB wedstriden dit wykein. Der binne noch inkele KNKB wedstriden en yn Easterein slút de jongerein freed it seizoen ôf mei de slotdei. 


Sneon 5 septimber


Goutum – Manlju 50+

Tjeerd Dijkstra kaam op syn debut yn de 50+ yn de finale meiPaulus Strikwerda, Winsum Fr en Johan Sikkema, Emmeloard Mar dy gie ferlern mei 5-3:6-0. 


Snein 6 septimber 


Easterein – Stiperdei

Ferslach en útslaggen by Wedstriidútslaggen, Leden.

20150906Easterein Stiperdei3

Penjum – haadklasse manlju f.f.

Jelte Pieter Dijkstra wint de 2e priis yn Penjum mei Dylan Drenth en Evert Pieter Tolsma. De finale tsjin Jan Dirk de Groot, Renze Hiemstra en Hans Wassenaar wurdt ferlern mei 5-1:6-4.
Yn de 1e omloop wûnen Jelte Pieter endy fan Johan vd Meulen c.s. (4-5:6-6) en yn de heale finale waard it partoer Gert Anne vd Bos ferslein (5-4:6-6)

20150906Penjum Manljuhaadklasse

Reduzum – Manlju 1e klasse

Dirk Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer winne de 3e priis yn Reduzum. Yn de heale finale waard fan de lettere winners ferlern mei 5-1:6-6.

20150906Reduzum Manlju1eklasse