Keatskes: 13-09-2015

De lêste keatswedstriden fan it seizoen en dan slúte we it seizoen hast wêr ôf yn 2015.

Op freed 11 septimber wie de slotdei fan de jongerein mei it nachtkeatsen dat in wike earder ôflast wie.

Mar ein septimber ha we noch in hiel leuk evenemint yn Easterein, de Champions Leaque Llarques!


Freed 11 septimber


Marsum – Froulju haadklasse t.i.l.

Martine Tiemersma kaam hjir yn de krânsen mei Elly Hofman en Manon Scheepstra.

Se winne de finale, 5-3:6-0 fan Marije Hiemstra, Sjoukje Visser en Anouk Tolsma.

20150911Marsum Frouljuhaadklasse1

20150911Marsum Frouljuhaadklasse2

Easterein – slotdei jongerein

Ferslach- foto’s folgje


Snein 13 septimber


Marsum – Manlju haadklasse t.i.l.

Jelte Pieter Dijkstra komt mei Hylke Bruinsma en Hendrik Kootstra yn de finale en winne dy fan Tjisse Steenstra, Erik Haitsma en Hasn Wassenaar mei 1-5:2-6

20150913Marsum Manljuhaadklasse

Harns – Froulju haadklasse frije formaasje

Sietske Okkema, Sandra Hofstra en Marrit Zeinstra (foar Jelien Pompstra) winne de 3e priis yn Harns nei winst op Anne Monfils, Imke vd Leest en Renske Terwisscha v Scheltinga, 5-2:6-6.

Yn Harns wie it ek de lêste wedstriid fan de keatstoppers Leonie vd Graaf en Fenna Zeinstra!

20150913Harns Frouljuhaadklasseff