Keatskes 07-08-2017

De ôfrûne wike stoenen der 2 klassikers op it keatsprogramma, de manlju’s PC en fansels de Ald-Meiers. Dy earste wie fanút Eastereiner perspektyf gjin ûnferdield sukses, de twadde levere in prachtige oerwinning op foar it partoer fan Easterein. Oer de Ald-Meiers ha jim yntusken genôch lêze kinnen. Je soenen hast ferjitte dat der noch mear Eastereiners om útens wienen. Hjir wer efkes de wyklikse update.

WOANSDEI 2 AUGUSTUS – MANLJU’S PC
Mei Bauke Dijkstra en Jan Schurer op de list fan de 164e PC wienen der 2 Eastereiners aktyf op it hillige gêrs fan it Sjûkelân. Bauke keatste mei syn maten Elgar Boersma en Willem Heeringa yn de 1e omloop tsjin de lettere winners Bauke Triemstra, Alle Jan Anema en Hendrik Kootstra. Mei in einstân fan 5-0 6-0 koenen Bauke endy reedlik gau de klaaikeamers wer opsykje.

Jan hie him mei syn maten Jelte-Pieter Dijkstra en Pier Piersma pleatst foar de PC fia de keats-off en sieten op foarhân yn it moaie blokje fan de list, sûnder echte toppartoeren. Dus follop kansen om eventueel yn de prizen te reitsjen. Yn in spannende partij ferlearen sy helaas mei ‘alles oan’e hang’ tsjin Jelle Attema, Jacob-Klaas Haitsma en Hillebrand Visser. Jacob-Klaas endy soenen letter yn de heale finale én yn de finale nochris 5-5 6-6 keatse. Helaas foar hun koenen se it dy lêste slach fan de dei krekt net oprêde. 

SNEON 5 AUGUSTUS – MANLJU 50+
Sipke Hiemstra wint mei syn maten Bennie Hof (Franeker) en Piet Zondervan (Jorwert) yn Peins de krâns op de t.i.l. wedstriid foar manlju 50+.

SNEIN 6 AUGUSTUS – FROULJU HAADKLASSE
Imke van der Leest wint mei har maten Louise Krol en Sjanet Wijnia de 3e priis yn de frije formaasje wedstriid foar froulju haadklasse. Yn de 2e omloop ferlearen se fan it winnende partoer Ilse Tuinenga, Wiljo Sijbrandij en Manon Scheepstra nei in 4-0 foarsprong yn earsten. Yn de striid om de 3e priis wûn Imke endy mei 5-3 6-4 tsjin Roelie Kroondijk, dy nei har winst op de Ald-Meiers de sneins ynfalle mocht op de haadklasse.

Harlingen Totaal