Easterein wint Ald-Meiers!

Sa at jim allegearre witte sille hat Keatsferiening Easterein sneon 5 augustus foar de tredde kear de Ald-Meiers partij wûn yn Hitzum. Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Jeska Terpstra fersloegen yn de spannende finale it partoer fan Seisbierrum-Pitersbierrum (mei Ilse-Marije Hartman, Anna Ennema en Fiera de Vries) mei 5-4 6-6.

(boppesteande prachtige foto’s binne makke troch Henk Bootsma)

De dei begong mei in sammelik moarnsbrochje mei coaches Ype en Danny.

En fansels ek noch efkes mei it findel op de foto. 

De keatsdei begong mei in earste omloop tsjin Dronryp. Dizze partij waard oertsjûgjend wûn mei 5-0 6-6. Dêrnei moasten se oantrede tsjin Arum. Ek dizze partij waard mei dúdlike sifers wûn mei 5-0 6-6. Mei in steand nûmer kamen se yn de heale finale Makkum tsjin, mar ek dizzen wienen kânsleas tsjin it sterk keatsende trio út Easterein (wer 5-0 6-6).

Klear foar dé finale…

 

Nei de winst jûns noch in rûnrit troch it doarp mei hynder en wein fan Yde Sjaarda. 

En it waard noch in moai feestje yn de sportkantine!

Sjoch hjir foar it fideoferslach en hjir foar it fotoalbum fan KNKB TV. Op kaatsen.nl stiet ek in ferslach fan de dei (klik hjir).

Wy wolle graach Roelie, Selma en Jeska en coaches Ype en Danny fan herte lokwinskje mei dizze prachtige oerwinning!