Keatskes: 14-08-2016

Freule 2016

De Freule is west en geande de dei net folle spannende partijen, mar de finale makke alles goed. Menaem in moaie en terjochte winner. Easterein mei de jonges Bauke Reijnhoudt, Rutger Wiersma en Kees vd Horst koene it net risse yn de 1e omloop, al gie it lang gelyk op en wiene der wol kânsen. Op 5-4:6-6 wûn Ingelum it, mar ferlear dêrnei de 2e omloop.

 

Revâns Ald-Meiers

Op de revâns Ald-Meiers yn Skettens wie Easterein ek mei Roelie Kroondijk, Selma de Boer en Jeska Terpstra. Der wiene mar 10 partoeren, spitich foar de feriening dy der wat moais fan meitsje wol.
Easterein ferliest yn de 1e omloop fan Wytmarsum, de winners fan de Ald-Meiers.

 

Frouljus PC

We meitsje ús no op foar de Frouljus PC op 24 augustus. Dit wykein falt de beslissing foar in grut part yn Rie. En ja, foar de froulju ek in ‘keats-off’ op tongersdei 18 augustus yn Akkrum. As je sjogge nei it ferskil yn punten tusken de nr 12 en de nrs 13, 14 en 15 is de keats-off in ‘nuver ding’. Yn elk gefal is it sa dat de 5 Eastereinder froulju dy yn de haad- en 1e klasse keatse op de Frouljus PC steane! Tineke Dijkstra (11), Sietske Okkema en Martine Tiemersma (9), Marije Hiemstra (8) en Imke van der Leest (4).

 

Sneon 13 augustus

Bitgum – Manlju 1e klasse

Op dizze t.i.l. wedstriid wiene de bruorren Jelte Pieter en Bauke Dijkstra by inoar lotte en ek nochris mei Bauke syn nije frije formaasje maat Laas Pieter van Straten, dus dat moast wol goed gean!
En ja, hja winne yn Bitgum de Anton de Haan-partij! De finale wurdt mei 5-1:6-0 wûn.

20160813 BitgumManlju1eklasse

 

Snein 14 augustus

Seisbierrum – Manlju 1e klasse frije formaasje

Jelte Pieter Dijkstra mei Hendrik Jan van der Velde en Evert Pieter Tolsma winne de 1e priis. Der is in 3e priis foar Dirk Yde Sjaarda mei Tsjerk Elsinga en Frederik van der Meij. Dirk-Yde is ynfallen foar Arnold Zijlstra.

20160814 SeisbierrumManljuFf1 

20160814 SeisbierrumManljuFf3

 

Balk – Manlju 50+ A-klasse

Yn de A-klasse wint Roel Sijbesma de krânsen mei Ludwig Seerden en Lieuwe Althof

20160814 BalkManlju50A 

Peins – Famkes frije formaasje

De krânsen binne foar Jeska Terpstyra mei Selma van der Molen en Kim Dijkstra

20160814 PeinsFamkesFrijeformaasje 

Penjum- Skoalfamkes A

Yn Penjum wint Roelie Kroondijk mei Fiera de Vries de krânsen yn de A-klasse

20160814 PenjumSkoalfamkes 

Letter mear…