Keatskes: 19-06-2016

Sneons de NK’s foar de famkes en jonges. De jonges yn de 1e omloop ferlern en de famkes krekt foar de prizen der ôf. By de 50+ twa partoeren op de ôfdielingswedstriid yn Eksmoarre. En prizen wienen der by de Federaasjewedstriid op freed yn Goaiïngea.

Freed 17 juny

Goaiïngea – Federaasje jongerein

Welpejonges en -famkes

In 1e priis foar Jesper Paauw mei Johannes de Boer – De Hommerts en Jildou de Graaf – Skearnegoutum

Yn de ferliezerronde in 1e priis foar Liset Sijbesma mei Mikkel Guljé – Goaiïngea

20160617 Goeiïngea Welpen1grut

20160617 Goeiïngea Welpen1Fgrut 

Pupillenjonges

Yn de ferliezerronde in 2e priis foar Redmer Stegenga mei Folkert Wierda – Goaiïngea

20160617 Goeiïngea Pupillenjonges1F 

Sneon 18 juny

Easterein – Posthumapartij

Sjoch foar útslach en foto by: 18-06-2016 – Posthumapartij

 

Eksmoarre – Manlju 50+

Yn Eksmoarre dus twa ôfdielingspartoeren 50+ op de list mar beide net yn de prizen. Debutant Ype Tiemersma kaam yn de finale yn de t.i.l.-wedstriid en wûn de 2e priis mei Wybren van der Woud (Leeuwarden) en Bouwe van der Veer (Winsum).

 

Dronryp – NK Famkes

Mirjam Punter, Selma de Boer en Jeska Terpstra ha de 3e omloop helle op it NK. Yn de striid om in finaleplak waard ferlern mei 1-5:4-6 fan Marssum, dy letter it NK winne soenen.

Yn de 1e omloop wurdt wûn fan Berltsum troch in sitbal op 5-5:6-6! Dêrnei tsjin Wytmarsum en dat wurdt wûn mei 4-5:0-6.

20160618 Dronryp NKFamkes 

Menaam – NK Jonges

Kees van der Horst, Bauke Reijnhoudt en Rutger Wiersma moatte it yn de 1e omloop opnimme tsjn Weidum. Se ferlieze dit mei 2-5:6-6. 

 

Snein 19 juny

Easterein – Alder-bernpartij

Sjoch foar útslach en foto’s by: 19-06-2016 – Alder-bernpartij

 

Menaam – Manlju 1e klasse

Dirk Yde Sjaarda, Bauke Dijkstra en Jan Schurer winne de 1e klasse yn Menaam. De finale wurdt wûn mei 5-5:6-4 fan Marten Bergsma (Minnertsga), Jacob Klaas Haitsma (Wommels) en Willem Heeringa (Tzummarum).

Opmerkilik: Dirk-Yde, Bauke en Jan ha al in oantal suksessen hân as frije formaasje partoer, mar no komt Steven de Bruin yn it plak fan Jan en Jan giet keatsen mei Hendrik Tolsma en Jacob Klaas Haitsma.

20160619 Menaam Manlju1eklas 

Arum – Frouju 1e klas f.f. 

De krânsen foar Tineke Dijkstra mei har maten Hermine Sytema en Jeske de Boer.

20160619 Arum Froulju1eklasse1 

Arum – Frouju 2e klas f.f. 

De premie was voor Selma van der Molen, Rixt Wijnia en Jeska Terpstra

 

Hearrenfean – Skoalfamkes A+B

Yn de A-klasse wie der in 2e priis foar Roelie Kroondijk mei Larissa Smink, Makkum.

20160619 Hearrenfean SkoalfamkesA 

Letter mear…